-8- 19. Voorstel tot nadere vaststelling krediet en dekkingsplan ten behoeve van investeringen in het kader van de ruilverkaveling "De Oude Jokse". De hear Van der Baan wol graach witte op hokfoar wize it bedrach fan 2.681.000,opboud is. Wat binne de ekstra winsken dy't de gemeente yribrocht hat. De liening soe miskien goedkeaper wêze as der liniair ôflost wurdt. Bqppedat liket him it persintaazje fan 8 ryklik heech. De hear Nieuwdam seit dat we de tiid foarby binne dat der allinne mar oer ruilferkaveling praat waard. Ruilferkaveling hâldt hjoeddedei mear in weryndieling fan it lanskip en in ferbettering fan de ynfrastruktuer yn. Sjoen de finansjele sitewaasje fan ús gemeente wol hy it kolleezje yn oerwaging jaan ris te besjen oft der mooglikheden binne om foar it totale budzjet in kredyt oan te freegjen mei in liening qp annuïteitsbasis wêrby it bedrach dat al reservearre is yn de algemiene middels te bringen. Hy seit de fertsjintwurdiger fan de gemeente yn'e ruilferkavelingskommisje alle stipe ta. De rie sil de fierdere ûntjouwingen ek kritysk folgje moatte. It docht him dan ek deugd dat de 4e ôfdieling ynkoarten in petear hawwe sil mei de ruilferkavelingskommisje Hy freget oft der al in antwurd ynkaam is op it brief oer under oaren it fytspaad Reinerswei. De hear Stallinga is dan ek benijd nei wat dy ekstra winsken fan de gemeente dan wol wiene. Hy freget der omtinken foar dat de plannen oangeande IW 32, Jirnsum en ruilferkaveling sa goed as mooglik op inoar ôfstimd wurde. Wethâlder Breeuwsma seit dat dizze saak wiidweidich besprutsen is yn'e ôfdieling. Yn Idaerderadiel is destiids in reservearring makke foar de ruilferkaveling De byskreaune rinten hawwe it bedrach nochal wat heger makke. De wurken dy't útfierd binne troch de ruilferkaveling binne hurder dien. Dy wurken binne allegearre goedkard troch de rie. Meidat de wurken hurder útfierd waarden kamen ek de rekkens earder binnen. Dat resultearre deryn dat der jierlyks likernoch 50.000, bypast wurde moat. Poar 1987 is nochris 50.000,ekstra reservearre. Dat soe ek de kammende jieren moatte cm it lyk te krijen. De fraach is no oft alles direkt betelle wurde moat of dat guon bedragen yn bygelyks 15 jier ôfskreaun wurde kinne. It útstel fan it kolleezje wol dat leste. Dan moat der jierlyks 72.000,by ynsté fan 100.000,De wetlike rinte fan 8 persint moat wol oanhâlden wurde. Hy tinkt dat dit in bettere wei is dan itjinge de hear Nieuwdam útstelde. Nammentlik om de reservearre bedragen yn de algemiene middels te stoarten en dan in liening foar it hiele bedrach oan te gean. Hy hopet dat der dochs noch wat fan it fytspaad Reinerswei telâne komt. Hy kin der lykwols net dúdlik oer wêze. 0005V 12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 12