GEMEENTE BOARNSTERHIM 24. utstel oangeande nammejouwing iepenbiere basisskoalle Aldeboarn. Oan de gemeenteried. Grou, 10 april 1987. Sa jim witte, hat de nije iepenbiere basisskoalle yn Aldeboarn de namme "De Boarne" krigen. Dy namme is troch de meikedizingsried fan de skoalle keazen, út in tal ynstjoerings nei in oprqp dêrta yn de skoalkrante en de Mid-Frieslander. De namme hat neffens it wurdboek Van Dale) in oantal betsjuttings, sa as "oorsprong van rivier, drenkplaats, oorsprong van kennis". Dêrom neffens ús in tige tapasselike namme foar in skoalle. Om't de meikedizingsried ús frege hat de namme net foar de offisjele iepening buorkundich te meitsjen, komme wy efterôf mei it útstel om oan de iepenbiere basisskoalle fan Aldeboarn in namme te jaan. Wy stelle jim dêrom út oerienkomstich it útstel fan de meikedizingsried fan de iepenbiere basisskoalle Aldeboarn, oan de skoalle de namme "De Boarne" te ferbinen. Boargemaster en wethalders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0005V 20

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 47