-5- It kolleezje set fraachtekens by de wize fan útfiering sa as dy yn it P.A.P. neamd wurdt. Der moat troch it slúten fan dwingers op'e eilannen en it weromlûken fan de V.A.M. 60.000 ton mear ferwurke wurde. As de kapasiteit fan de ôffalferbaarningsynstallaasje yn Ljouwert opfierd wurdt sil dat ek betsjutte dat de útstjitting fan gefaarlike stoffen tanimme sil, salang as net oanfoljende maatregels nommen wurde. Derom moat it ûndersyk dêrnei sa gau mooglik barre. It liket har in goede saak by de fierdere útwurking ek de bou fan in kompostearingsynstallaasje te belûken. De beswieren fan it kolleezje tsjin de ferheging fan de tariven kin hja wol begripe. Mar soe it differinsearre taryf, hoewol't it prinsipjeel oars is, net qp'e selde wize útwurkje? Der binne noch tal fan f ragen oer de wize fan skieden ynsammeljen. Yn'e nota stiet, dat der underfining opdien wurde moat mei de wize dêr't us skileboeren yn gearwurkjen mei gemeenten wurkje. Wy tinke dat dizze ûntjouwing kkritysk folge wurde moat. Is yntegrearre ynsammeljen doelmjittiger? Binne ús ynwenners dan krekt sa motivearre as no? Wat bart der mei alle cpsette kringloopprojekten, krije dy der in konkurrint by of wurde se opslokt yn it grutte gehiel?. Dat binne fragen dy't in grutte rol yn'e ôfwaging spylje moatte. Foar ús gemeente is ek fan belang de ûntwikkeling fan it qpheljen fan lyts gemysk ôffal. In taak, dy't sadree't de finansjele mooglikheid der is, útfierd wurde moat. Yn de oiribûgingsoperaasje sil der ek seker oer praat wurde. Yn'e ôfdieling soe ris besjoen wurde kinne hokfoar taken neamd yn it P.A.P. wy noch mear oppakke kinne. De hear Stallinga seit dat hy it yn haadlinen iens is mei it útstel Hy freget oft it wier sa is dat 60.000 ton ôffal net ferwurke wurde kin ta nije produkten. Hy tinkt dat wy ússels foar de gek hâlde as wy tinke dat de effekten fan 60.000 ton ôffal dy't yn in reekgasynstallaasje telâne komt, dêrmei opheind wurde kin. Us bern en bernsbern soene dan wol ris opskipe wurde kinne mei in ôffalberg dy't net mear te oersjen is. Hy is fan betinken dat dat ôffal tagelyk mei it lyts gemysk ôffal ophelle wurde moat en ek as sadanich besjoen wurde moat. Mei it opheljen fan lyts gemysk ôffal moat it leafst sa gau mooglik begûn wurde. Hy freget oft it kringloopprojekt ek trochgiet. De hear Van der Baan seit dat hy oer't generaal wol ynnommen is mei de reaksje fan it kolleezje. Sawol yn it P.A.P. as by de O.L.A.F. wurdt tige qptimistysk tocht oer de besifering fan de A.V.I. fan Ljouwert. De iene seit dat de kosten 60,de ton binne en de oare 50,Hy tinkt dat dat lang net kin, benammen omt de ynstallaasje al fan 1973 is en aanst ris ferfongen wurde moat. In bedrach fan 200,de ton liket der mear op, as ek in reekgasynstallaasje en enerzjyopwekking deryn behelle wurde. Hy is der benaud foar dat de miljeuboeren troch earderneamde bedragen fan 60,70,de ton wolris weiskreaun wurde kinne omt dy pas nijsgjirrich wurde by bedragen fan sa'n 80,120,de ton. Hy freget as leste oft der oerlis west hat mei it R.I.V.M. oer it miljeuprojekt. 0005V 9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 9