-10- 19. VOorstel tot wijziging van het verdelingsbesluit dorpsvernieuwing 1987. De hear Nieuwdam seit dat syn fraksje akkoart is mei de ynhâld fan it útstel dêr't út bliken docht dat der yn 1987 nochal wat saken oanpakt wurde sille. Dat betsjut net allinne in grutte ynvestearing mar ek in protte ekstra wurk. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 20. Voorstel tot het verstrekken van een subsidie aan Plaatselijk belang Friens voor het stichten van een dorpshuis. De hear Nieuwdam seit dat Friens net sa faak op'e wurklist stiet. Troch meiwurking fan'e tsjerklike gemeente en selswurksumens is it mooglik wurden om dit gebou te keapjen. Syn fraksje giet akkoart mei it ütstel om 33.000,beskikber te stellen en stypje sa it eigen inisjatyf fan Friens. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 21. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve van de bouw van twee woningen te Oldeboorn. De hear Bethlehem is bliid mei dit útstel. Wol fynt hy it tige spitich dat dit plan de gemeente 24.000,ekstra kostje moat wylst de wentebouferiening de wenten bout. De hear Van den Bosch seit dat de totale kosten 26.000, binne ynsté fan 25.000,sa as op side 1 stiet. De voorzitter zegt dat rekenkundig gezien vanavond niet de beste oefening op tafel wordt gelegd. Wethâlder Breeuwsma seit dat de Onderhanneling mei de wentebouferiening al tige swier west hat. Hja meitsje ek ekstra kosten trochdat de wenten wat oanpast binne sadat se better yn'e buert passé. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 22. Voorstel om de Jancko Douwemastrjitte noordzijde, tussen Swettebuorren en L. Bottemastrjitte te Oldeboorn in één richting gesloten te verklaren voor alle verkeer. Mefrou Watzema fynt dat it ûtstel wol tige fier giet. Boppedat liket it har in ferlizzing fan it probleem. Hja tinkt dat it frachtferkear aanst ek oer de Noardkant giet of tsjin it ienrjochtingsferkear yn. Dat jout in gefaarlike sitewaasje en oare diken krije in reis. Hja freget dêrom no't de moaie tiid foar de doar stiet it sa te litten as it is en set dêr in boerd mei "15 km" en sa no en dan in plysje del. De hear Bethlehem is it foar in part iens mei mefrou Watzema. De bewenners hawwe gjin kâns ta ynspraak hân. Dêrom wol hy dat it ûtstel earst yn'e fjirde Ôfdieling behannele wurdt. Dat it frachtferkear oer de Feanhoop moat kin hy it mei iens wêze Hy hopet dat der gau in oare oplosing fûn wurde kin. 0006V 18

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 13