GEMEENTE BOARNSTERHIM 13. Utstel cm gjin meiwurking te ferlienen oan de feriening foar "Christelijk Nationaal Schoolonder wijs" te Tersoal op grûn fan kêst 74 W.B.O. Oan de gemeenteried. Grou, 8 maaie 1987. Fan it bestjoer fan de feriening foar "Christelijk Nationaal Schoolonderwijs" te Tersoal hawwe wy it fersyk krigen om meiwurking te ferlienen cm optimalisearringsapparatuer oan te túgjen foar de sintrale ferwaarmingsynstallaasje. It is it doel dat dêrmei it enerzyferbruk werombrocht wurdt. It oanbringen fan in qptimalisearringssysteem qp sintrale ferwaarmingsynstallaasjes binne maatregels dy't relatyf in soad effekt hawwe op it enerzyferbruk. It ryksbelied is der op rjochte om sa sunich mooglik mei de beskikbere enerzy om te springen. Dêrfandinne, dat in fergoeding foar ynfestearingsbedragen enerzyútsparjende maatregels jûn wurdt. Dy fergoeding foar de ynfestearing, ynstallaasje en yngébrûkstelling hinget gear mei de grutte fan it gebou. As mjitstêf wurdt nommen de oerflakte fan it gebou. Cp basis dêrfan wurdt oer in perioade fan tsien jier in bedrach útkeard troch it Ryk cp grûn fan in 10-jierlikse annuïteit, rinte 7,64 persint. Dat is in noarmfergoeding, dy't de gemeenten krije foar it iepenbier- en it bysûnder ûnderwiis. De bestjoeren fan bysûndere skoallen kinne op grun fan kêst 74 Wet op it basisunderwiis in fersyk om meiwurking yntsjinje by de gemeente wannear't it giet om saken dy't neamd wurde by kêst 74 W.B.U., sa cis enerzyútsparjende maatregels. Wbl is it sa, dat it fersyk om meiwurking yntsjinne wurde moat, foar't de oanbelangjende foarsjenning oaribrocht is. Allinnich yn tysûndere omstannichheden kin fan dy regel ôfwykt wurde. De skoalle yn Tersoal is yn 1982 boud en der is doe ek optimalisearringsapparatuer oaribrocht, mei it doel it enerzyferbruk te drukken. No efterôf foldocht de apparatuer net. De stookkosten wiene de léste tiid wêr tige heech, sadat it bestjoer besletten hat de optimalisearringsapparatuer te ferfangen. Dat is yn de krystfekânsje fan 1986 bard. No efterôf hat it bestjoer in fersyk om meiwurking yntsjinne. Us minsken fan de ôfdieling bousaken, hawwe yn gearwurking mei it gasbedriuw de saak ris besjoen, mar der is net mear nei te gean yn hoefier ferfanging ek werklik nedich wie, en at reparaasje noch mooglik west wie. De ekonomyske libbensdjoer fan de apparatuer is sa'n tsien jier en dus noch net ôfskreaun. 0006V 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 33