Wy binne derom fan betinken, dat no't it bestjoer fan de P.C.-skoalle yn Tersoal gjin kontakt opnommen hat mei de gemeente, mar op eigen manneboet de saak oanpakt hat, fan de gemeente yn alle ridlikens net mear frege wurde kin, dat dy no finansjeel byspringt. wy stelle jim dêrom út, gjin meiwurking te ferlienen oan de feriening foar "Christelijk Nationaal Schoolonderwijs" te Tersoal, foar it oantúgjen fan optimalisearringsapparatuer foar de ferwaarmingsynstallaasje yn it gebou It Pounsmiet nu. 20, Tersoal. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Höltrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 34