-7- Zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten met dien verstande dat de uitgaaf pas na behandeling in de afdeling zal plaatsvinden. 9. Voorstel tot betaling van een schadevergoeding in het kader van de wegreconstructie Rauwerd - Sijbrandaburen. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 10. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor de verbouw van een rioolreinigingsapparaat. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 11. Voorstel tot het vaststellen van een educatief programma 1 augustus 1987 - 31 december 1987. Mefrou S. Zijlstra wol tenearsten har wurdearring utsprekke foar de groep fan it foarriedich edukatyf berie. Hja hat it gefoel dat it Ryk hiel wat freget. Der moat in edukatyf berie komme en dat freget wer in protte organisaasje en mankrêft. Dat der sa'n protte easke wurdt hat hja wol muoite mei. Earder waard it wurk troch frijwilligers dien en dat rûn goed. Dy lju hawwe in protte Onderfining opdien. No wurdt der sein dat der beropskrêften komme moatte. Dat is op himsels net ferkeard mar hja hopet dat aanst net de frijwilligers Ûndersnije. As jo nei de ûnderfinings harkje fan minsken dy't les jouwe dan is it ochsa goed om benammen yn it begjin yndividueel les te jaan. De groepsgrutte fan 8, sa't dat stelt wurdt hat hja dan ek wol beswieren tsjin en hja hopet dat nettsjinsteande dizze eask de drompel nei de basis-edukaasje ta net ferhege wurde sil. Ek mefrou Watzema fynt dat de gearstallers fan it program basis- edukaasje goed wurk dien hawwe. Hja tinkt dat neist de beropskrêften frijwilligers noch hiel goed wurk dwaan kinne, bygelyks by it yndividueel les jaan. De hear Van der Baan freget nei de posysje fan it frysk yn'e basisedukaasje. Hy hat begrepen dat mar ien fan'e lesjouwers in foech foar it frysk hat. Hy tinkt dat just by basisedukaas je it frysk in wichtige rol hawwe moat. Wethâlder Bloem seit yn't foarste plak dat hja wurdearring hat foar de minsken fan it foarriedich edukatyf berie. Dêryn hawwe de minsken fan de alfabetisearring in grutte rol spile. Hja is der dan ek tige grutsk op dat der yn us gemeente al in program basisedukaasje is. It is yndied sa dat der in protte ekstra wurk dien wurde moast, mar dochs moatte jo jo slach slaan, ek omt in soad jild foar dizze aktiviteiten by it sosjaal-kulturele wurk weihelle is. Posityf is neffens har wol dat der no besocht wurde kin de basis wat breder te meitsjen sadat it yn'e takomst net allinne in taal- kwestje wêze sil. Der sil in proefkursus opsetten wurde foar it frysk yn'e basisedukaasje. 001IV 7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 10