-10- Om it wat behelnd te halden stelt hy ut dat der noch fierder finansjeel ûndersyk dien wurdt en dat de rie dan ynljochte wurdt. Dan kin der no in foarbehâld makke wurde yn dy sin dat it iltstel op'e nij yn berie nommen wurde sil as de htflering de gemeente in protte jild kostje soe. De hear Nieuwdam is ynnommen mei it antwurd fan'e wethâlder. Hy wol noch mei klam sizze dat de wylde lisplakken fansels in grut probleem binne ek foar de gemeente. Dat der al oare gemeenten dwaande binne mei sanearring moat us fansels net al te rimpen utein sette litte. De hear Van der Baan freget oft de oarderlng wier op 10 oktober yngiet en oft der al dúdlikheid bestiet oer it plak fan de sônes. Wethâlder Breeuwsma seit dat de bedoeling is om foar rekreative wenarken deselde tariven te brûken as foar permanint bewenne wenarken. Dat sil yn'e ôfdieling bepraten wurde. It stribjen is der wol op rjochte om de oarderlng op 10 oktober yn gean te litten, mar der is sa'n protte te dwaan dat hy him net oan dy datum bine wol. Der sil yn elts gefal in oergongsfase komme nei de nije regeling ta. Der moat noch in lïtstel komme oer de begrinzing fan'e sdnes yn en om de beboude kommen. De hear Nieuwdam freget oft de gedachte oer de rekreative wenarken wol strookt mei de Lânskipsoardering. Wethâlder Breeuwsma sil dat neier taljochtsje yn'e ôfdieling fan juli. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het aangepaste voorstel besloten. Mevrouw Watzema verlaat de vergadering. Voorstel tot beantwoording van de brief van de Jongerenbeweging van februari 1987 inzake het jeugdwerk-garantieplan. Mefrou Faber seit dat har fraksje it útgongspunt fan it jeugdwurk-garânsjeplan fansels Ûnderstreket Mar de útfiering fan dat utgongspunt hinget wol ochsa gear mei de betingsten dy't dêroan ferbûn binne. Hja kin har dan ek wol fine yn'e kanttekenings fan'e jongereinbeweging. Men is ek teloarsteld dat de merksektor net meidocht. Men makket harren lilk oer de twang dy't derop leit. Ek it punt dat der mar in ynfolling is fan 19 oeren freget in protte krityk. Is de utwurking op't stuit wol dat wat we der fan ferwachtsje? Hja tinkt dat der better praten wurde kin oer in poppesûger. Hja kin har dan ek wol fine yn it antwurd fan it kolleezje der't omtinken frege wurdt foar de betingsten dêr't it plan eins oan foldwaan moat. Dat binne dan dat it om in ferstannige wurkûnderfining gean moat, om in goede oplieding en begelieding. Mar fral ek dat it net op kosten fan reguliere banen gean moat. It is spitich dat yn us gemeente mar sa'n 5 oant 7 minsken in plakje krije kinne. As de hân hâlden wurdt oan de betingsten dy't yn it brief neamd wurde kin it lykwols wol in goed projekt wurde. Mei de ûnderfining dy't dan opdien wurdt kin besocht wurde it projekt yn'e takomst út te wreidzjen. Dan soe ekris tocht wurde moatte oan'e semy-oerheid. 001IV

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 13