GEMEENTE BOARNSTERHIM 27. Utstel om it fêststellen fan in plan fan nije iepenbiere en bysûn- dere basisskoallen benefter te litten. Oan de gemeenteried. Grou, 5 juny 1987. Yn jimme gearkomste fan 20 maart 1984 hawwe jimme, Onder wurklistnOmer 27, besletten om de iepenbiere beuker- en legere skoallen, dy't op 1 jannewaris 1984 yn uis gemeente oanwêzich wiene, yngeande 1 augustus 1985 om te foarmjen ta 12 iepenbiere basisskoallen. Dêrby is der fan ut gien, dat 12 iepenbiere basisskoallen goedernôch binne om it iepenbier Onderwiis yn os gemeente te folgjen. By dat riedsbeslut is teffens in spriedingsplan fan'e iepenbiere basisskoallen oer de gemeente tafoege. It riedsbeslut fan 20 maart 1984 is op 26 juny 1984 troch Deputearre Steaten fan FryslSn goedkard. Neffens de Wet op it BasisQnderwiis kin in nije iepenbiere en in bysQndere basisskoalle allinne bekostige wurde, wannear't dy skoalle foarkomt op in plan fan nije skoallen, dat foar de oanbe lang jende gemeente fêststeld is. Yn dat ramt moat de gemeenteried elts jier in plan opstelle, dat 3 skoaljierren efterinoar omfiemet. Yn dat plan wurdt oanjOn hokker iepenbiere en bysOndere skoallen oan it begjin fan it earste skoaljier en hokker skoallen letter foar bekostiging yn oanmerking komme sille. Dat plan moat goedkard wurde troch Deputearre Steaten. De planprosedueredy't yn dat ferbân foardkreaun is, is dellein yn'e kêsten 53 oant en mei 64 fan de Wet op it BasisOnderwiis. De planproseduere skriuwt Onder oaren foar, dat boargemaster en wethâlders foar 1 july oan'eried útstelle om iepenbiere skoallen yn it plan op te nimmen. Fierders kin it foechhawwende gesach fan in bysOndere skoalle foar 1 april de gemeenterie it fersyk dwaan om harren skoalle yn it plan op te nimmen. Yn kêst 63 fan de W.B.U. wurdt lykwols bepaald, dat it fêststellen fan in skoalleplan benefter bliuwt, wannear't gjin fersiken foar opnimming yn it skoalleplan ynkommen binne of de gemeenteried besletten hat, dat it fermearderjen fan it tal iepenbiere skoallen yn'e planperioade net nedich is om foldwaande iepenbier Onderwiis folgje te kinne. Ek dat beslut moat goedkard wurde troch Deputearre Steaten. Nei oanlieding fan it boppesteande diele wy jimme mei, dat gjin oanfragen, lyk as bedoeld yn kêst 63 fan de W.B.U. ynkommen binne, wylst wy fierders, mei achtslaan fan it spriedingsplan fan iepenbiere basisskoallen yn ifs gemeente - ek mei it each op de Ontwikkeling fan it tal learlingen oan'e iepenbiere basisskoallen - fan betinken binne, dat foarearst gjin fermeardering fan it tal iepenbiere basisskoallen yn us gemeente nedich is. 0001V 32

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 60