GEMEENTE BOARNSTERHIM 28. Utstel om gjin meiwurking te ferlienen oan de feriening foar Kristlik Skoalönderwiis te Tersoal foar it oantûgjen fan in ferrydbere boekekast Oan de gemeenteried, Grou, 5 juni 1987. Troch it bestjoer fan de feriening foar Krislik Nasjonaal Skoalûnderwiis te Tersoal is in fersyk yntsjinne om de nedige finansjele middels beskikber te stellen foar it oantúgjen fan in ferrydbere boekekast. Neffens de oanfraach giet it om in oanfolgjende earste ynrjochting en is needsaaklik as opberchsysteem fan it dokumintaasjesintrum foar meardere groepen fan de ûnderbou. Sûnt it yngean fan de Wet op it basisûnderwiis is it oantal learlingen neffens ús net bysönder tanommen, der is earder praat fan in lichte delgong fan it learlingetal De Oergongswet wet op it basisûnderwiis giet der fan út, dat mei de yntegraasje op 1 augustus 1985 de ynfentaris fan de beuker- en legere skoallen op dat stuit foldwaande wiene foar de ynrjochting fan de basisskoalle. Yn dat ramt besjoen is in oanfoljende earste ynrjochting dan ek net nedich, omt de bysûndere basisskoalle fan Tersoal op 1 augustus 1985 folslein ynrjochte wie. Yn de oanfraach wurdt dúdlik stelt, dat it giet om earste ynrjochting en net om ferfanging. Yn dat léste gefal hie it lân der al oars hinne lizze kind. Mar ek wannear't dat it gefal west hie, dan noch hiene wy ûs betinkings hln. De feriening foar Kristlik Nasjonaal SkoalÛnderwiis hat nammentlik it meiwurkingsfersyk yntsjinne nei't de kast al oantûgd wie. Dat is einliks allinnich mooglik, wannear't der praat is fan in haastgefal en dat is hjir neffens ûs net it gefal. Wy stelle jim ried dan ek út sjoen it foargeande, om gjin meiwurking te ferlienen oan it fersyk fan de feriening foar Kristlik Nasjonaal Skoalûnderwiis om de nedige jildmiddels beskikber te stellen foar in ferrydbere kast. Boargemaster en we de siktaris, P.H. Starreveld. fan Boarnsterhim, de boargemaster, B.G. Holtrop. 0001V 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 62