-11- De hear Stallinoa freget hoefolle fairanen op it festival west ha. Hy kin him net foarstelle dat der yn ús gemeente allinne mar fammen binne dy't achter sa'n festival oansjouwe. Hy tinkt dat it in protte "tutten mei de linten" binne. Der binnen ommers mooglikheden by de rus foar it opdwaan fan kennis en ûnderfining. As hy tinkt oan de namme "festival" dan tinkt hy oan in feestje. En wat moat hy him eins foarstelle by "meidencultuur It fersyk is troch de provinsje ôfkard. Hy freget oft bekend is werom. Wethâlder Bloem seit dat it oer it generaal wol sa is dat der earst in begrutting wêze moat. Lykwols is der wol romte foar it jaan fan subsydzjes yn insidentele gefallen. De prioriteit dy't it kolleezje steld hat is blykber heger as fan de V.V.D. In riedsgearkomste is neffens har net it plak om út te lizzen wat "meidencultuur" is. It is wol bekend dat froulju yn'e maatskippy net dy kansen krije dy't reëel binne. De line set him troch nei de fammen ta, ek op it mêd fan sosjaal- kulturele aktiviteiten foar de jongerein. It is foar famkes lang net sa fanselssprekkend om dêroan mei te dwaan as foar jonges. Der wurdt, troch dit festival te halden, besocht der wat oan te dwaan. Dizze foarm fan in festival past krekt by de belevingswrald fan dizze fammen. It is net dúdlik hoefolle fammen op it festival wiene, mar dat sil by de ôfrekken wol dúdlik wurde. De provinsje hat in oare ôfwaging makke, men fûn it te kultureel. Wethêlder Bloem tinkt dat it krekt hiel goed is mei de yngong fan in kulturele manifestaasje te besykjen oare foar fammen wichtige ynformaasje troch te jaan. De hear Stallinoa wol dúdlik stelle dat hy meiwurkje wol oan alles wêrtroch dizze fammen kansen krije. Hy tinkt lykwols dat as de provinsje it fersyk ofwiist omt it te kultureel is dat hy dêrtsjinoer wol graach goed ynformearre wurde wol. No wurdt der inkeld mei djoere kreten smiten en dêr hat net ien wat oan, ek de fammen net. Hy fynt it spitich dat der net wat betters mei it jild dien is as it te besteeg jen oan in dei út ynsté fan oan bygelyks opliedingen, dêr't fammen echt wat oan ha. Mefrou Watzema fynt it no net it plak om út te meitsjen wêrom as famkes minder kansen hawwe soene as jonges. Hja bliuwt by it feit dat net iens bekend is hoefolle minsken nei it festival ta west hawwe en dat de ôfrekken noch komt, wylst it festival al lang west hat. Mefrou S. Ziilstra seit dat it wol dúdlik wêze kin wat der op it festival barde. Yn it útstel stiet dat mei 4 skrapkes oanjûn "festival" is mar in wurd. Wethêlder Bloem seit dat it net wenst is in subsydzje-oanfraach te besjen op basis fan in Sfrekken mar op basis fan in begrutting. "Meidencultuur" hat te meitsjen mei saken dy't spesjaal fammen dwaande hélde. 0019V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 13