-3- Yn it útstel wurdt útgien fan 3 korpsen wylst der no 4 binne. Dat ropt allegear fragen en argewaasje op dêr't syn fraksje fansels wol begryp foar hat. Lykwols hawwe hja besocht dit útstel saaklik te besjen. De fraach derby is: op hokker wize krije we sa'n grut mooglike feiligens foar de ynwenners foar in priis dy't ek noch te dragen is. Boarnsterhim hat net allinne in grutte oerflakte en in protte kearnen mar ek in grut wettersportgebiet in spoarline, in rykswei en in grut skipfeartswetter en dat stelt allegear sa syn easken oan'e feiligens. Utgeande fan dizze feiten kamen hja op syn minst twa korpsen mei sa'n folslein mooglike útrissing oan wjerskanten fan it Prinses Margrietkanaal yn Grou en Akkrum. Dat wie ek it stânpunt fan'e brânwachtynspeksje yn 1985. Dizze korpsen moasten dan útrist wurde mein in brânwachtautO/ in personiels- en materiaalwein, heipark en in blusboat. Mei it útfieren fan dit ynspeksje-advys fan 1985 binne we der net, omt we sitten bliuwe mei in noardwesthoeke dy't fanút Grou en Akkrum besjoen achter it kanaal, it spoar en de rykswei leit. Om dêr in ridlike feiligens te hawwen soe der yn elts gefal in nije bluswein komme moatte yn Raerd. Dit freget foar dizze korpsen wol in tige grutte ynvestearring, mar dy't yn de eagen fan syn fraksje wol ûnûntkomber is. It útstel fan it kolleezje slút oan by dit plaatsje en syn fraksje is dan ek sûnder betingsten foar. Mar it plaatsje foar in goede brênwacht yn Boarnsterhim is mei de 3 neamde korpsen lykwols net run. Der binne noch twa hoeken dy't dan net alhiel optimaal befeilige wêze soene. Te witten Warten/Wergea en Aldeboarn. Warten benammen troch in tige hege opkomsttied (13 minuten) en Aldeboarn troch dat dat doarp achter de spoarline leit. Dizze beide tûkelteammen soenen eins ek oplost wurde moatte. Dat soe kinne troch yn Aldeboarn en Warten/Wergea in buske mei in spuit te setten en dêr 5 as 6 minsken te detasjearjen dy't dan wol by de korpsen fan Grou en Akkrum hearre. Hja tochten dat dat wol in goede oplossing wêze koe, om de saneamde "earste klap" út te dielen. Kosten hjirfoar rûsden hja op sa'n 30.000,op jierbasis. It opsizzen fan it kontrakt mei Ljouwert soe dat bedrach hast opsmite. In skoan útstel tochten hja, mar de deskundigen reagearren sa'n bytsje kréatyf dat hy foarsjocht dat der yn'e takomst net mear as twa korpsen betelle wurde kinne. Men gie akkoart mei in blusienheid fan op syn minst 9 man en in wein fan sa'n 125.000, Dêrmei soe de jierlêst sa'n 80.000,wurde. Hoewol't hja it idé fan detasjearring net min fine, der soe yn'e kommende moannen noch wolris oer tocht wurde kinne, kinne hja op dit stuit oars net as ja sizze tsjin it útstel fan it kolleezje omt der jûn noch in ein komme oan wat mefrou Aukes "de kameleonrige" neamde. 0019V 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 5