-4- Hy wol ek noch efkes omtinken jaan oan it brief fan wethêlder Breeuwsma. It docht bliken dat Breeuwsma benammen emosjonele beswieren hat. Dat is in prima stânpunt foar in lid fan it bestjoer fan Pleatslik Belang mar net bot slagge foar in lid fan it gemeentebestjoerWat Breeuwsma skriuwt oer it entûsjasme fan'e frijwilligers yn Aldeboarn jildt like goed foar de oare korpsen. Under punt twa ropt Breeuwsma de ynspeksje oan. De hear Renia hat dat net sa heech omt de ynspeksje yn 1985 sei foar twa korpsen te kiezen en no seit men dat f jouwer net sa goed tariste korpsen better wêze soene as trije wol goed tariste. As der fjouwer korpsen bliuwe soene dan stiet de ynspeksje binnen fjirtjin dagen op'e stoepe om te fertellen dat se allegearre goed tarist wêze moatte. Dan punt 3 fan it brief. De fraksje hat de sifers fan it kolleezje ek neirekkene. By 150 persint besetting sit jo by 3 korpsen op 44 man. Dy 52 man út it juli-útstel wie in 150 persint besetting fan 4 korpsen. In man as 9 minder skeelt ek in 20.000,op jierbasis. Dus it ferskil fan 35.000,en 60.000, besuniging is dan ek hiel oannimlik. De slotkonklúzje fan Breeuwsma dat it mar sa bliuwe moat sa as it is fyne hja tsjin de korpsen fan Grou, Akkrum en Raard oer bestjoerlik net sa sterk. De hear Bethlehem seit dat hy in oare miening hat as de rest fan syn fraksje. It stik in de Ljouwerter Krante fan sneon 12 septimber rekket neffens him krekt de kearn fan'e saak. Sa as bekend wêze mei kin Akkrum Aldeboarn net op'e tiid berikke. Dan komt foar in grut part troch de spoarline. It kolleezje hat de ynspeksje foar de brênwacht om advys frege. De ynspeksje kin net oars as Aldeboarn yn kategory D sette. De tichte bebouwing yn'e kearn fan'e doarp makket dat needsaaklik. Omt de "earste klap" tige wichtich is kin hy net oars as tsjin it útstel fan it kolleezje wêze. As dit in soarte fan "doarpisme" is dan is dit neffens him in sûn "doarpisme". Yn it ferhaal stiet ommers ek dat it fan belang is dat de minsken witte wêr't hja wêze moatte yn it doarp, dus pleatslik bekend binne. De hear Dotincra seit dat yn'e ôfdielingsgearkomste fan juny sein is dat it bestean bliuwen fan it korps fan Aldeboarn 30.000, jiers mear kostet. Yn it stik fan 2 septimber stiet dat dit 60.000,mear is. Hy fynt dit ferskil wol wat grut. De brênwacht kostet de gemeente 17,de ynwenner, wylst it trochsneed 22,is. Op jierbasis betsjut dat in ferskil fan 68.000,dêr't wol wat mei dien wurde kin. Neffens de brênwachtynspeksje is it gjin lúkse dat it korps fan Aldeboarn bestean bliuwt. Wichtich is ek dat it korps it bekendste is yn eigen gea. Dat komt de feiligens fan'e boargers te'n goede. Yn it brief fan 28 maaie 1985 seit de ynspekteur it wol iens te wêzen mei it ynkoartsjen fan it personiel mar dat de oerbliuwende minsken dan wol swierder belêst wurde en dat by in mooglike rampebestriding de bydrage fan de gemeente lytser wurde sil. 0019V 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 6