-6- Wichtiger is, tinkt him, ûnderhâld en mooglik renovaasje fan besteande wenten as it hieltyd mar trochbouwen fan nije hûzen. Yn ús gemeente binne der ek hoeken dêr't de fraach nei wenten net tanimt. Net allinne de wentewetbou mar ek de preemjebou wurdt stadichoan minder. De preemje B-regeling haldt op, de bydrage foar preemje C wurdt leger en ek preemje A-wenten krije in leger subsydzjebedrach. De hear Bethlehem is it wol mei de wethâlder iens as it giet om ûnderhâld ensafuorthinne fan besteande wenten. Hy tinkt lykwols dat der yn'e takomst noch wol faker as ien kear 24 wenten yn'e sosjale sfer boud wurde moatte. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 11. Voorstel voor het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve van materieel voor gemeentewerken. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 12Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve van de huisvesting van de buitendienst van gemeentewerken. De hear Renia seit dat syn fraksje der best oer te sprekken is dat binnen in rikdlike tiid nei de weryndieling de gemeente der yn slagge is de bûtentsjinst fan gemeentewurken foar in net al te healwiis bedrach ûnder dak te bringen. No waard dat foar dy bûtentsjinst ek wol tiid want sa't de manlju yn Raerd en Akkrum harren wurk dwaan moasten koe dat net langer. Mei foarlizzend plan kin alle folk en materiaal goed ûnder dak brocht wurde. Dat de sinteraasje net al te maklik wie, docht bliken út de stikken. Seis de boarch foar boppewykse foarsjennings moast op'e kop. Mar men is der nettsjinsteande de benearjende krapte dochs yn slagge. Mei trochdat gemeentewurken troch eigen wurk en it dragen fan in part fan'e kapitaalslêsten der bot oan meiwurke hat Dat bewiist wol dat men der in protte belang by hat. Hy soe graach ris yn'e earste ôfdieling ris hearre wolle op hokker wize yn'e kommende jierren dy 11.000,op't kleed komt. De hear Stallinaa is it iens mei itjinge de hear Renia sein hat. Hy hat lykwols noch in oar puntjes dy't hy oanstippe wol. Is der yn it útstel ek rekken mei halden dat wy by de oername fan de rykswei der heechstwierskynlik in pear loadsen bykrije. It wol him eins net oan dat auto's dy't oerdei yn'e measte kjeld ride moatte, nachts foarstfrij stald wurde moatte. Hy freget him of oft it de effisjinsje wol tsjinnet as de minsken earst fan harren wenplak nei de wurkpleats komme moatte om dêrnei wer yn it wenplak oan it wurk te moatten. Hoewel de voorzitter deze vragen meer geschikt vindt voor behandeling in de afdeling gezien het min of meer technische karakter zal hij toch proberen ze te beantwoorden. 0022V 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 10