- 30 -
Hy freget it kolleezje dat te ûndersykjen yn relaasje mei it
petear op 30 novimber, dat hy perfoarst net frustrearje wol.
De hear Van der Baan hat him dêroer fernuvere, dat de tredde
jachthavenkolk wêr yn'e diskusje komt omt der neffens him gjin
nije aspekten foar de gemeente oan fêstsitte. Barder is de
tredde jachthavenkolk ôfwiist omt der noch in hiele protte frije
lisplakken wienen. Hy tinkt dat it no, yn it ramt fan it
sanearringsbelied ek net nedich is dat der in nije jachthaven
komt. Dat soe wolris yn it neidiel fan under oaren Warten wêze
kinne. Ek as it bedriuwslibben wol dat der in tredde kolk
bykomt, kostet it grif in protte tiid en jild fan ús gemeente.
Lit it bedriuwslibben harren dêrmei redde en lit de gemeente der
mei syn hannen Sfbliuwe.
Wethêlder Breeuwsma seit dat op in meidieling fan it bestjoer
fan Yn'e Lij te sein is dat by mooglike ferkeap de kontenuïteit
garandearre wêze moat en dat der in goed sosjaal plan achter-
lizze moat. Der is oant no ta net in grutte foardering west. Hy
kin him wol fine yn'e gedachte fan de heer Bouma dat der hoeden
mei de ferkeap fan grûn omgien wurde moat en dat it foaral yn it
hiele rekréative ramt besjoen wurde moat.
Foardat de ferkeap festere foarmen oannimt sil der yn elts gefal
in diskusje yn'e ôfdieling wêze.
It is oer it generaal sa dat as de gemeente him der mei bemuoit
dan binne de risseltaten faak net sa goed. Hy seit dit nei oan-
lieding fan de opmerking fan de hear Van der Baan dat de
gemeente him eins net dwaande hâl de moat mei wat it
bedriuwslibben mei in tredde jachthavenkolk wol.
Mar ûnder druk fan it lisplakkenbelied sil der dochs wat dien
wurde moatte. Ek al om't oars de minsken te fier yn harren
rjocht oantaast wurde as men yn in oar plak syn boat lizze moat.
De hear G. Bouma is net tefreden oer it antwurd. Syn yngong is
it feit dat de rekréaasje it measte ynkommen yn ús gemeente
opsmyt en in takomst mei in oerfloed oan frije tiid. It belang
fan goede rekréative foarsjennings wurdt dus allinne mar grutef.
Hy hat besocht dúdlik te meitsjen dat it fan belang is dat de
gemeente op dit mêd in grutte taak hat en dat de gemeente dêrom
ik aktyf belied fiere moat.
Syn ynljochtingen by it amtlik apoparaat sizze dat by gedeelt-
like ferkeap de rie syn goedkarring jaan moat oan'e statuten.
Hy fynt dat it gemeentebestjoer nei it bestjoer fan Yn'e Lijte
tagean moat en útlizze wat de ynhêld fan de twa betingsten, de
kontinuïteit en it sosjaal plan, is. Hokker kontinuïteit wurdt
eins bedoeld as Yn'e Lijte foar in part ferkocht wurdt?
Hy hat soarch oer dizze ûntjouwing om't hy wit dat it part dat
ferkocht wurde sil te lyts is om der ynteressante dingen mei
dwaan te kinnen foar it rekréatyf barren.
Hy fynt dat it plan ta ferkeap besjoen wurde moat yn gearhing
mei it plan om te kommen ta in tredde jachthavenkolk.
In heal jier ferlyn hat hy fragen steld oer Yn'e Lijte en dêr is
neat mei dien. Undertusken is hy wol beneiere troch meardere
potinsjele keapers dy't op dat stuit net meidwaan koene yn'e
ûnderhannelingen. De earste ûnderhanneling mei de behearder is
ôfrûn mar der hat oant no ta noch net in advertinsje yn'e krante
stien.
Mevrouw Aukes heeft ook de ervaring gehad dat belangstellenden
haar hebben gebeld over hoe het komt met de verkoop van Yn'e
Lijte.
0026V