- 31 -
Zij heeft zeer sterk het gevoel dat de boel op slot is gezet.
Wethâlder Breeuwsma seit dat it altyten sa west hat dat Yn'e
Lijte in belied fierde dat posityf wie yn it ramt fan it rekréa-
tyf barren yn dat gebied.
Hy is it mei de hear Bouma iens dat der faak folie mear barre
moat om de kontinuïteit fan foarsjennings te garandearjen. Der
moatte meastentiids grutte ynvestearrings dien wurde. Hy tinkt
dat dêrom de tredde jachthavenkolk der earder net kaam is.
Hy tinkt dat de gemeente him stimulearjend dwaande hâlde moat yn
gearwurking mei ynstânsjes dy't de rekréaasje subsidiearje.
In statutewiziging is formeel net nedich. It bestjoer fan Yn'e
Lijte hat seis sein dat de gemeenterie ferkeap goedkarre moat.
It bestjoer hat dat sein mei út histoaryske oerwagings.
Der binne miskien wol in protte belangstellenden foar de keap
mar it is wol sa dat de finansiering fan sa'n keap faak tige
dreech sit. Men moat sa'n 30 as 40 persint seis opbringe.
De hear Bethlehem soe graach wolle dat de gemeente der achter-
oangiet dat de ûnderhannelingen mei potinsjele keapers wat
better ferrinne kinne.
Vraag 61.
De hear Nieuwdam seit dat der ûnfoldwaande dúdlikheid is oer de
mooglikheden dy't der binne. Binne dat ferkeap as ferhier as
miskien wol allebeide?
Wethalder Breeuwsma seit dat der nochris in briefke hinnegien is
dat de mooglikheid fan keap foar de agrarische wearde it út-
gongspunt is.
Vraag 62.
De hear Van der Baan fynt dat it handiger west wie dat op it
momint fan oanlis deroer praten wie wat no eins de bedoeling mei
de stegers wie. No is der earst in protte oerheidsjild yngien en
as it klear is wurdt it privatisearre.
Wethalder Breeuwsma seit dat jo eins alles fan te foar ren witte
moasten. It is yn elts gefal no wol sa dat de stegers yn oarder
binne. As in partikulier de stegers opknappe wollen hie dan hie
hy der gjin subsydzje foar krigen.
De hear Van der Baan tinkt dat de plannen, as privatisearring
dochs it doel wie, fêst goedkeaper útfierd wurden wiene.
Wethalder Breeuwsma "de kost gaat voor de baat".
It giet om in needsaaklike foarsjenning.
Vraag 63.
It spyt de hear G. Bouma dat it twadde diel fan'e fraach net
oerkommen is. It gong om de fraach oft de post ek net suverder
begrutte wurde moast sadat de oanfoljende leankosten fan de
stegerwachter skieden wurde fan'e kosten fan'e eksploitaasje-
bydrage stegers Pikmar.
De voorzitter neemt kennis van deze vraag. Hij denkt dat dat
administratief best te verwerken is.
De voorzitter schorst om 16.20 uur de vergadering voor een korte
pauze.
Hij heropent de vergadering om 16.40 uur.
0026V