- 2 -
Hja hawwe besocht de reorganiaasje nochtern te besjen, mei oan'e
iene kant de jildmiddels en oan'e oare kant de needsaaklike
tarissing. In tarissing, nedich foar de útfiering fan ien fan de
earste taakstellingen fan'e brânwar, nammentlik it help jaan by
libbensbedriigjende omstannichheden by brân mar net minder by
ûngemakken oan ynwenners en oan passanten. Hy wiist derby noch
mar ris op it spoar, de rykswei en it PM-kanaal. Sifers fan ús
kommandant jouwe oan dat oer de léste fjouwer jier rekkene der
trochsneed yn it jier 33 kear brân is en dat der 14 kear help by
ûngemakken ferliend wurde moat. Der hat him de leste jierren
gjin inkelde brân foardien mei direkt gefaar foar libbens, wylst
by de helpferliening by ûngemakken meastentiids wol libbens yn
gefaar wiene. Dat jout wol oan dat der ek in protte omtinken jûn
wurde moat oan'e earste helpferliening. Dit hâldt neffens him yn
dat oan wjerskanten fan it PM-kanaal yn elts gefal yn Grou en
Akkrum in folslein tarist korps wêze moat. Grou sil dus op
koarte termyn in materiaal- en personielswein hawwe moatte.
Akkrum moat ek goede helpmiddels hawwe om't in brêge iepenstean
kin en in tunnel ferstoppe reitsje kin. In bettere blusmooglik-
heid op it wetter is foar Akkrum ek wis nedich. In goede blus-
auto foar Raard fan wêrút 7 doarpen bestjinne wurde moatte kin
en wolle hja ek net omhinne.
Ynvestearrings dy't boppesteande mooglik meitsje steane hja
folslein achter, se wurde seis easke. Soks fanút de ferantwurd-
likens foar alle ynwenners fan Boarnsterhim. Boppesteande is
allinnich te realisearjen as it korps fan Boarn opdûkt wurdt.
Hja akseptearje dan ek in lytse ferheging fan it risiko foar de
Boarnsters yn it belang fan alle oaren dy't ôfhinklik binne fan
in goed tariste brânwar.
Wa't fynt dat it net ferantwurde is en dûk de brânwar fan Alde-
boarn op seit fuortendaliks dat Warten ek wer in korps hawwe
moat om't dêr in opkomsttiid jildt dy't noch folie grutter is.
Neifraach hat lykswols leard dat it lytste korps 55.000,op
jierbasis kostet en dat is ien fan de grutste tûkelteammen foar
in optimale oplossing.
It útstel fan'e minderheid fan it kolleezje om earst mar ris
pipers te keapjen, sjocht hy as in suertsje by de boadskippen,
om't dat gjin inkeld sicht jout op in strukturele oplossing
dêr't hjirboppe de needsaak fan oanjûn is. Ek oplossings om yn
de rin fan takommene jier hjir as dêr wat wei te klauwen en te
gokken op ûnfoarsjoen binne gjin oplossings.
In echte oplossing soe wêze kinne in ferheging fan'e belêsting
en dan mei nammen de ûnreplik guodbelêsting. Ek dêr geane hja
net yn mei. Men komt al gau op in persint as tri je en dat is yn
ridlikens net te freegjen fan al ús ynwenners. Sa'n ferheging
fan'e û.g.-belêsting soe boppedat alle rek út de mooglikheden
helje om't we al in ein nei de hûndert persint ûnderweis binne.
Els wit ek dat we yn'e takomst dy rek noch wolris bitter nedich
hawwe kinne. Hja bliuwe fjouwerkant achter it útstel fan'e mear-
derheid fan it kolleezje stean om't it sjoen de mooglikheden de
béste fertaling jout fan de ferantwurdlikens foar alle minsken
op it grûngebiet fan Boarnsterhim.
Mevrouw Aukes zal, omdat het niet de eerste keer is, de argumen
tatie kort houden.
De hoofdzaak is en blijft de veiligheid, niet alleen voor 01de-
boorn maar voor de gehele gemeente.
Voor een deel van het college is op dit moment het financiële
belangrijker.
0027V 2