- 2 - Wy as gemeente hawwe de ûntankbere taak dit ús ynwenners út te lizzen. Minsken sprekke ús der op oan. Troch brieven en ynstjoerde stikken yn'e krante, weryn stiet dat Boarnsterhim it noch gekker docht as Lubbers. Mar minsken, dit binne maatregels fan it kabinet Lubbers. Dit alles ûnder de terminologie fan "kansrijke samenleving", "de zorgzame samenleving", "de snellen en de tragen", ja seis by de besunigings op it ünderwiis wurdt praat oer "kwaliteitsbevorderende bezuiniging". Foarsitter, ik moat wat galle kwyt. Lokkich is der in bestuursaccoord sluten, sadat wy evenredich koarte wurde op ús útkearings út it gemeentefûns, mar dêr falie de specifike útkearings net ûnder. Der binne noch genSch, frije fûgels oan te pakken, sa as ünderwiis (al oankundige), wurkleaze projekten, gesinssoarch, sos.kult. wurk, wentebou ensafuorthinne. Seis in P.T.T. docht mei. Lokkich komme der út de lytse mien- skippen en fanút it V.N.G. lûden, dy't wize op de gefolgen fan dizze maatregels. En as yn in rapport fan de Rekkenkeamer stiet, dat it finansjeel neidielich wurket foar de P.T.T., moat dat wol oanlieding wêze, om dit belied werom te draaien. Ek ús tsjinstferliening rint hjirtroch werom. Lokkich siket it kolleezje nei oare mooglikheden. Fersjennings mei stikjes en bytsjes opboud, wurde yn brokken wer êfbrutsen. Faak komt de gedachte by jin op, soe men yn Den Haach wol witte wat foar gefolgen dit alles hat foar ús gemeenten. Om dat dúdlik te meitsjen komme wy mei in moasje, weryn wy de direkte finansjele gefolgen oanjouwe, sûnt de weryndieling. Ik kom der op de ein op werom. Foarsitter, as wy as gemeente net ôfglydzje wolle nei in wurkjen, dat allinich noch ynhald it besteande wurk sa goed mooglik út te fieren, hoe belangryk ek, dan sille wy dit foarjier op'e nij keuzes meitsje moatte. De foarjiersnota sil dêr dúdlikheid yn jaan moatte. Wurkaeleaenheid. It tal wurkleazen yn ús gemeente is heech, 19% manlju, 28% froulju. Dit jier binne der wer klappen fallen yn'e wurkgelegen- heid. Derby tinke wy oan de foarse ynkrimping fan personiel by de Scheepswerf Bijlsma te Warten. Ek de wurkgelegenheid yn'e lênbou en ôfliede bedriuwen is soarchlik. Yn ús plattelânsgemeente fine folie ynwenners wurk yn dizze sektor. Yn'e kommende tiid sille wy mear omtinken jaan moatte oan dit belangrike wurkgelegen- heidsaspekt en neigean yn hoefiere de gemeente stypje en stimulearje kin. Dit selde jildt foar de ferskate plannen, dy't fanút it regear of partikulier inisjatyf oan de gemeenten foarlein wurde. De kans bliuwend wurkleas te bliuwen wurdt hyltiid grutter. Dêrnêst binne der tal fan froulju, dy't graach in plakje hawwe wolle op'e arbeidsmerk. De gemeente sil yn'e kommende tiid, yn nau gearwurkjen mei it Arbeidsburo en yn persoanlik oerlis mei de wurkleaze neigean moatte, wat de mooglikheden binne foar dy persoan op it mêd fan oplieding en kâns op wurk. 0026V 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 4