- 11 -
5. Mededelingen.
De punten 5. 6 en 7:
De hear Van der Baan hat him fernuvere oer de wize wêrop de fer-
keap ta stân kommen is, omt njonken it terrein dat oan Dijkstra
ferkocht is in stikje grûn leit dat gjin ûntsluting hat.
Hy fynt it frjemd dat net neamd wurdt dat dizze grûn foar minder
ferkocht wurdt. Ek it terrein fan frou Van der Meer wie net
tagonklik en dêrom moast der in stik grûn fan it P.E.B. werom-
kocht wurde. Yn totaal wie dat in finansjele strop fan
8.000,Hoe komt dit no sa?
Wethâlder Breeuwsma besjocht de tekening noch efkes. Op itselde
lytse hoekje sitte Dijkstra, Van der Meer, P.E.B.gasbedriuw en
noch in stikje dyk.
It kolleezje wie tige ynnommen mei it ynisjatyf fan gemeente-
wurken dat troch sa'n kreaze lispuzzel dit hoekje ferkocht wurde
koe.
De hear Van der Baan bliuwt derby dat der net in handige fer-
keaptaktyk brûkt is.
Vervolgens worden de mededelingen voor kennisgeving aangenomen.
6. Voorstel tot het aanbrengen van een uraentievolgorde in de
aktiepunten van de wensenlijst.
Frou Faber fynt dizze konstruksje net sa befredigjend en fynt
dat it in oare kear net wer sa moat. Har fraksje sil, omt hja de
foarige riedsgearkomst meigien binne, dit útstel wol stypje.
Fansels moat de winskelist wol besjoen wurde fanút de betreklik-
heid omt de subsidiearjende ynstânsjes wolris meitsje kinne dat
in punt dat ûnderoan stiet dochs útfierd wurdt.
De hear Van der Baan freget hokfoar list no eins boppeoan stiet:
de list fan'e febrewarisoperaasje as de winskelist. Seis tinkt
hy dat de febrewarisoperaas je earst komt en dat dan de winsken
yn folchoarder ôfwurke wurde sille.
Mevrouw Aukes kan niet anders constateren dat met creativiteit
en inventiviteit deze democratische oplossing is bedracht.
Ek de hear Dotinga fynt dat de list moai gearstald is. Hy hopet
dat it mei de útfiering ek moai giet.
De voorzitter is blij dat de raad accoord gaat met het voorstel.
Dan is er de vraag hoe zich nu eigenlijk de fitsenarislijst ver
houdt ten opzichte van de wensenlijst. Van de wensenlijst is
bekend dat er geen geld is, terwijl de fitsenarislijst uitvoer
baar is. Uit de "sterretjes" blijkt dat die wensen ook gefinan
cierd kunnen worden door middelen van elders. Dat is wel een
beetje vreemd omdat dat niet strookt met wat eerder gezegd is.
Deze wensen staan niet allen bovenaan en worden toch uitgevoerd.
Hij is van mening dat wel de fitsenarislijst voor gaat.
De hear Van der Baan freget oft we dan altyten sizze dat de
fitsenarislist earst ôfwurke wurde moat.
De hear G. Bouma fynt dat we de eagen iepen hâlde moatte en
besjen wat der op in bepaald momint bygelyks troch doelsubsyd-
zjes, mooglik is.
Zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten.
7. Voorstel tot wiizioino van de "Algemene voorwaarden voor de ver
koop van bouwterreinen in exploitatie bii het grondbedrijf der
gemeente Boarnsterhim"
De hear Van der Baan hat problemen mei dit útstel. It giet om in
betingst dy't normaalwei net foarkomt en gjin minske sil der
dêrom op betocht wêze.
0027V 11