- 15 -
Finansjeel wurdt it lykwols te swier en de finansjele ynjeksje
fan't sinuner blykt lang net genôch te wezen. Boppedat sakje de
grûnstofprizen. No moat dan de kar tusken Kringloop en ússels
makke wurde. Wichtich derby is in earlike ferliking. Kwa ophel-
systeem en komponenten dy't ynsammele wurde giet it op'e selde
wize, allinne it ferwurkjen fan glês sil oars dien wurde. Hja
tinkt dat de gemeente minder kwetsber is yn kwaliteit en konti-
nuïteit fan it opheljen. Dêrneist is der foar Kringloop de
ûnsekere faktor oer it weifallen fan'e wiete fraksje yn'e
takomst. Finansjeel fait Kringloop 67.000,djoerder út. Yn'e
ôfdielingsgearkomste hat it kolleezje har fraksje derfan oer-
tsjûgje kind dat de berekkening goed is. It is ek wol begryplik
dat Kringloop heger sit, sjoen de ynvestearrings yn under oare
materiaal en húsfesting.
De tariven fan'e ôffalstoffenheffing moatte by it wurkjen yn
eigen behear mei 5% omheech, yn it oare gefal mei 15%.
Har fraksje kiest, alles op in rychje settend, foar it wurkjen
yn eigen behear mei derby de ferwachting en it betrouwen dat it
goed oppakt wurdt.
Har fraksje fynt dat we, tsjinoer de wurknimmers fan Kringloop
in morele ferplichting hawwe. Hja wol graach witte hoe't it kol
leezje dêr tsjinoer stiet. In goede oergong fan it iene nei it
oare systeem is ek tige wichtich. Hooplik komt der in goede,
dúdlike foarljochting. Hja hat wol de post foarljochting op'e
berekkening mist.
De hear S. Bouma seit dat hy saaklik besjoen foar 98% oertsjûge
is. Kringloop seit dat de gemeente it oantal oeren wurk ûnder-
skat hat en de opbringst kin mooglik leger wêze. As dat sa is,
dan is in ferliking net sa goed mooglik.
By de offerte fan it I.B.A. wurdt it lyts gemysk ôffal net mei-
nommen. Ek dêrtroch ûntstiet in skeef byld. As jo it I.B.A. ek
ris nei sa'n berekkening freegje soenen, dan kin it wol sa wêze
dat de berekkenings elkoar net folie útmeitsje. Syn fraksje
kiest dêrom foar it útbesteegjen oan in partikulier bedriuw.
Hy tinkt dat yn'e rin fan'e jierren de kosten fan de gemeente sa
oprinne dat úteinlik in partikulier bedriuw goedkeaper is.
De hear Dotinaa fynt dat gemeentewurken in goede oanbieding dien
hat. It is wol in skerpenien en hy sil dan ek de saken goed
folgje.
De hear Van der Baan seit dat der yn'e ôfdieling hiel djip op'e
saak yngien is en dat der tige krityske fragen steld binne.
De direkteur fan'e reinigingstsjinst hat him derfan oertsjûgje
kind dat gemeentewurken it goedkeaper dwaan kin. Kringloop moast
djoerder wurde omt hja oar materiaal hawwe moatte en ek omt de
húsfesting oars moast, wylst de reinigingstsjinst it materiaal
en de húsfesting al hat.
Der moat wol keazen wurde foar gemeentewurken omt dan de konti-
nuïteit better garandearre is.
Hy hat de oertsjûging dat de wethêlder ek syn ferantwurdlikheid
foar de minsken fan Kringloop serieus nimt.
Hy wol noch wol kwyt dat hy al fanôf it begjin der foar yn'e
pleit gien is dat gemeentewurken it yn eigen behear dwaan moast,
sjoen de kontinuïteit en omt der gjin winst makke hoecht te
wurden.
Wethouder Poppen zegt dat zo hier en daar het idee leeft dat de
gemeente een voordeel zou hebben ten aanzien van het materiaal
en de huisvesting. Dat is pertinent niet waar. Alle kosten zijn
in de begroting van gemeentewerken meegerekend.
0027V