- 17 - 15. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve van materieel voor gemeentewerken. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. De WD-fractie wil geacht worden te heb ben tegengestemd. 16Voorstel tot het nemen van een tweetal voorbereidinasbesluiten op arond van artikel 21 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 17Voorstel tot het vaststellen van de meeriarinaramincr dorpsver nieuwing 1988 - 1992 en het ontwerp verdelinasbesluit 1988. De voorzitter stelt voor de stukken die net zijn uitgereikt bij de behandeling te betrekken. Het gaat om een verslag van de vierde afdeling en de reacties van Plaatselijke Belangen. Hij schorst om 23.05 uur de vergadering om deze stukken door te lezen. Om 23.15 uur heropent de voorzitter de vergadering. De hear J. Bethlehem fynt it moai dat it ferslach fan'e fjirde ôfdieling en de antwurden op'e fragen sa moai op'e tiid klear binne. De ynspraaktermyn wie lykwols te koart en ek it útstel wie eins te let. Hy soe graach wolle dat takom jier yn juny/july mei de behanneling begûn wurde kin en dat hat de wethâlder ek min ofte mear tasein. Syn fraksje hat frege oft de 630.000,dy't yn 1989 beskikber is ek hielendal foar doarpsfernijïng brûkt wurde sil? Hy freget wa't útfûn hat dat it bedriuw Riemersma net ferpleatst wurde kin? Nei oanlieding fan punt 6. fan it brief fan Pleatslik Belang merkt hy op, dat it neffens him om in rykswei giet. Binne der ek mooglikheden dat it Ryk it weidek foarinoar bringt? Mei it twadde diel fan'e fraach is neat dien. Hy freget omtinken foar de kademuorren fan Wergea en Aldeboarn. Hy beseft dat de gemeente dat net allinne betelje kin, en trúnt der dêrom op oan by oare ynstânsjes te besykjen subsydzje te krijen. De hear Van der Baan fynt dat it útstel fiersten te hastich ôfhannele is. De ynspraaktermyn wie fiersten te koart, dat blykt ek wol út'e brieven fan'e Pleatslike Belangen. Hysels hat ek net de tiid fûn om by de behanneling yn'e ôfdieling te wezen omt de foarsitter samar in oare datum opjûn hat foar de gearkomste, sûnder oerlis mei de fraksjes. Hy hat syn betinkingen oer de beandering fan'e fragen, wat neffens him troch de direkteur gemeentewurken dien is en dat heart net sa. It giet ommers om beliedsfragen en dêr heart it kolleezje in antwurd op te jaan. Omt der hast gjin doarpsfernijïngsplannen mei in finansjeel plaatsje binne, wurdt it wol in hiele grove ferdieling. De hear Van den Bosch hie oer it generaal de yndruk yn'e fjirde ôfdieling, dat de plannen posityf ûntfongen wurde. Der wiene tige posityve lûden út Warten en Aldeboarn. In inkelde krityske opmerking kaam út Jirnsum. Posityf is ek dat it ferslach fan'e ynspraak no al klear is. Wethâlder Breeuwsma seit dat juny/july him te betiid foarkomt. Hy tinkt dat takom jier septimber de stikken ferstjoerd wurde kinne. De leste tiid is der net troch him mei Riemersma praten. 0027V 17

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 56