- 3 -
Ek it Projekt Minsken Sûnder Wurk kin der by ynskeakele wurde.
Nei de betingsten moat kritysk sjoen wurde.
De ûntjouwing rûn de ferdûbeling fan de Rykswei 32 hat in
positive ynfloed op de wurkgelegenheid yn ús gemeente.
Bedriuwen strike del op it yndustryterrein fan Akkrum. In
ûntjouwing dêr't wy wiis mei binne. Op sa koart mooglik ter-
myn sille wy neigean moatte, of de oanlis fan in nij yndus
tryterrein yn Grou needsaaklik is. In Grocreana by de Pikmar
is wolkom!
Om in gelykweardige posysje fan'e frou op de arbeidsmerk te
krijen sil foar froulju mei bern in goede berne-opfang need
saaklik wêze.
Yn inkele gefallen is der sa'n mooglikheid by it wurk. Wy
binne der o sa mei ynnaam, dat de gemeente as wurkjouwer it
foarbyld jout en it kommende jier, yn'e kantineromte, dizze
opfang mooglikheid neigean wol.
Yn in protte gefallen is sa'n opfang net mooglik. Fandêr dat
ús fraksje it nedich fynt neist dizze stimulans oare berne-
opfang te ûndersykjen en te stypjen. By de prioriteitenlist
komme wy der op werom.
Milieu.
Neist de wurkgelegenheid is der soarch yn ús fraksje oer ús
miljeu. Dat is neat nijs en ek net uniek, want troch rampen
wekker skodde is sa standichoan hast elts wol trochdrongen fan
de needsaak dizze swierrichheden oan te pakken.
As wy ticht by hûs begjinne.
It is tige wichtich, dat wy ús foar 1988 útsprekke oer it
skieden ynsammeljen fan ús hússmoargens, dudlikheid hawwe oer it
fuortbestean fan Kringloop en dêrnêst it opheljen fan gemysk
ôffal útfiere.
Wy fine dat dit net langer wachtsje kin.
In stap fierder fan hûs sjogge wy de swierrichheden run it fer
wurkjen fan ús ôffal. Derby tinke wy oan de problemen run OLAF;
Dat der noch noait dudlikheid is oer de wize fan ferwurkjen fan
ús hússmoargens makket ús ûngerêst.
Wy binne bang, dat troch tiidsneed twongen, der oplossingen
socht wurde, dy't net ferantwurde binne. In oar punt is, mochten
wij beslute ta it skieden sammeljen fan ús hússmoargens, de
saneamde wiete en droege fraktie, dan is noch noait bekind of
dit wol ferwurke wurde kin troch OLAF.
Salang wy noch net definityf oansluten binne by de Regio Noard
en gjin sit hawwe yn it OLAF-bestjoer, kinne wy lans dy wei ús
lûd net hearre litte.
Wy witte, dat it belied in ferantwurdlikheid fan de provinsje
is. Wy freechje ús kolleezje ús soarch yn in brief oer te
bringen.
Yn july hawwe wy ús al útsprutsen oer it belang fan it miljeu-
tafersjoch.
By it fêststellen fan de prioriteitenlist komme wy der op werom.
Solidariteit.
It belied run frede en solidariteit is it léste jier útboud,
sawol op finansjeel gebiet, as yn it lizzen fan kontakten. Dit
hat laat ta in besite fan in tal minsken út de D.D.R.; Schwerin
oan ús gemeente.
0026V 3