GEMEENTE BOARNSTERHIM
18. Utstel foar in tariedingsbeslút
neffens kêst 21 fan de Wet op de
Romtlike Oardering foar it bouplan
foar de wurkpleats fan Gemeente-
wurken oan de Oedsmawei yn Grou.
Oan de gemeenteried.
Grou, 8 jannewaris 1988.
Healwei novimber 1987 is it bouplan foar it fergrutsjen en feroarjen
fan de wurkpleats fan gemeentewurken oan de Oedsmawei yn Grou ree
kommen foar it opstarten fan de boufergunningprosedure
Op dit bouplan binne fan tapassing de foarskriften fan it bestim-
mingsplan "Grouw-bedrijfsterrein"It bouplan foldocht net oan it
foarskrift dat de ôfstân fan de bebouwing oan't de skieding fan it
perseel net minder wêze mei as 2 meter.
Om't it bouplan goed oanslút op de al bestimde loads fan de firma
Langhout, en fierders om't troch de ferbining mei de besteande wurk
pleats fan gemeentewurken op it perseel fan ien eigner bleaun wurdt,
wurdt oan it belang fan it realisearjen fan de útwreiding fan de
wurkpleats in grutter gewicht takend as oan it belang fan it hant-
havenjen fan it bestimmingsplan.
Wy binne fan doel de fergunning te ferlienen mei in "artikel-19-pro-
sedure" oannimmende dat jimme ried it ferlienen fan frijstelling net
seis dwaan wol (artikel 19, lid 3 fan de Wet op de Romtlike Oar
dering). Foarôf moat wol in tariedingsbeslút neffens kêst 21 fan de
Wet nommen wêze.
Sjoen it foargeande stelle wy jimme ried út te ferklearjen dat foar
it oanbelangjende perseel oan de Oedsmawei in (wiziging fan it)
bestimmingsplan taret wurdt.
In konsept-beslút leit by de riedsstikken op besjen.
Boargemaster en wethâlders boppeneamd,
de siktaris, de boargemaster,
P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.
0024V 51