GEMEENTE BOARNSTERHIM 9. Utstel om yn Wergea in paad oan te lizzen. Oan de gemeenteried. Grou, 5 febrewaris 1988. Yn'e rin fan'e jierren is de gemeente eigner wurden fan in stikman- nich hoekjes grûn tusken de Ljouwerterdyk en de Nije Hoek yn Wergea. Troch oankeap en Sfbraak fan âlde wenten binne dizze hoekjes frij- kaam. De leste jierren wiene se ferhierd of op oare wize yn gebrûk by omwenjenden. De grûn is no lykwols oan harren ferkocht. In by aids besteand paad moat derom ferlein wurde. It paad kin net opromme wurde om't der rjochten binne fan treden. Ek histoarysk sjoen moat der eins wol in paad bliuwe. It meitsjen fan in nij paad wurdt rûsd op 6.500,inklusyf alle kosten. Wy wolle dit betelje út de opbringst fan de ferkeap fan de stikjes grûn. Wy stelle jim út dit jild beskikber te stellen en dêrta in beslút te nimmen sa't dat by de stikken leit. Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0021V 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 32