GEMEENTE BOARNSTERHIM 10. Utstel ta it beskikber stellen fan jild foar it meitsjen fan in ôf- skieding tusken berm en strjitte oan de Marswei yn Grou. Oan de gemeenteried. Grou, 5 febrewaris 1988. Oan'e Marswei yn Grou, tusken it Théhûs en de Griene Brêge, binne in soad lisplakken fan boaten (oan de gemeentestegers en yn'e Groun- daam, meiinoar sa'n 150). De lisplakken en de mar seis lûke auto's oan. No is der oan de Marswei foar beide kanten fan de strjitte in par- kearferbod ynsteld, maar partij automobilisten steure har der net oan en sette benammen yn'e simmer har rydreau yn de berm fan de Marswei. Dit jout oanlieding ta ferfelende sitewaasjes. Toeristen dy't net witte dat der net parkeard wurde mei fine in bon op it foarrút. Minsken dy't wol witte dat der net parkeard wurde mei, hawwe der argewaasje fan, dat der wol parkeard wurdt sûnder bekeurings De Marswei, ien fan de moaie plakjes fan Grou, wurdt skeind troch, op himsels moai, kleurd blik. Wy fine, dat parkearen op de Marswei net tastien wurde moat. Om it parkearen yn'e bern te kearen binne wy fan doel om in ôfskie- ding tusken strjitte en berm te meitsjen troch it oanbringen fan in leech stekje. It stekje sil troch eigen minsken set wurde. Oankeap fan it stek wurdt rûsd op 7.000, Wy stelle jim út om dit bedrach beskikber te stellen en te heljen út it fûns algemiene foarsjennings. Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0021V 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 33