- 3 - It gemeentelik taalbelied kin, wat it ûnderwiis oangiet, útwurke wurde yn de folgjende doelstellings. 1. Yn de piutteboartersplakken wurde de frysktalige bern opheind en begelaat yn it Frysk. 2. Oan'e ein fan it basisûnderwiis kinne alle learlingen Frysk ferstan en leze. Ofhinklik fan de pleatslike taalsitewaasje kin derby komme Frysk praten en skriuwen. Op alle skoallen wurdt Frysk as fiertaal brûkt by ien of mear learstofgebiten, ofhinklik fan de pleatslike sitewaasje en doelstellings. 3. Oan'e ein fan de basisfoarming yn it fuortset ûnderwiis behearsje alle learlingen it Frysk yn de feardichheden ferstean, lezen, praten en skriuwen. Frysk wurdt as fiertaal brûkt by ien of in wikseljend oantal fakken. 4. Yn it folwoeksene-ûnderwiis wurdt alfabetisearring likegoed yn it Frysk as yn it Nederlênsk mooglik. Yn it foarmingswurk wurdt Frysk as fiertaal brûkt. Om dy doelstellings te berikken kin de gemeentlike oerheid foar de ferskillende soarten fan ûnderwiis maatregels nimme, dy't nammers lang net altyd (struktureel) jild kostje. 1. Foar de piutteboartersplakken kin de gemeente befoarderje dat genôch fryktalich sjong- en foarlêsmateriaal beskikber is; en derop oanstean dat de (takomstige) liedsters yn de oplieding, dy't fersoarge wurdt troch de S.K.F., fertroud reitsje mei begripen as twataligens en taalûntjouwing yn in twatalige sitewaasje en befoarderje dat de (takomstige) pjutteliedsters Nederlânsk en Frysk beide aktyf behearskje, Frysk brûke by har aktiviteiten en derby ek frysktalich sjong- en foarlêsmateriaal brûke. 2. Yn it basisûnderwiis kin de gemeente oan'e hên fan it gemeentlike ûnderwiisbelied yn oerlis mei de ynspeksje foar it basisûnderwiis stribje nei in minimum-oanbod Frysk yn de skoallen likegoed as fak en as fiertaal; en fierders stimulearje ta it brûken fan de metoades "Opstap" of "Eigen Hûs" en ta it meidwaan oan it saneamde "Skoalle-eksamen" fan de A.F.U.K. It soe in ding fan belang wêze en jou geregeld, bygelyks om de trije jier in foarljochting oan de âlden oer it hoe en wêrom fan it Frysk yn it ûnderwiis. De gemeente kin in foardrachtkriich organisearje foar de learlingen fan alle skoallen yn de gemeente; san kriich kin ek útwreide wurde mei in toaniel-, foarlês- en dichtkriich, wylst de sportive komponint yn it organisearre fierljeppen, keatsen en reedriden syn gerak krije kin. De gemeente kin stimulearje ta it oantugen fan frysktalige boeken foar de boekehoeke, en learmiddels en materialen bygelyks foar sjongen, foardragen en dokumintaasjemateriaal Yn it beneamingsbelied kin it gemeentebestjoer as befoege gesach de oantekening Frysk easkje. De gemeente kin mei rjocht en reden de eardere beukerliedsters dy't gjin oantekening Frysk hawwe, oanpuonje om de applikaasjekursus te folgjen. 002IV 29

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 36