- 5 - De P.K.F. is fan betinken, dat konkretisearring en útwurking fan de maatregels foar de eigen gemeente it beste troch in gemeentlike wurgroep dien wurde kinne, dêr't behalven riedsleden en amtners ek minsken út de pratyk fan it ûnderwiis yn sitte. Wannear't dêr noch net sa'n wurkgroep yn'e gemeente bestiet, liket it de P.K.F. in ding fan belang te wezen om dy yn it libben te roppen. Nei oanlieding fan it boppesteande merke wy op, dat wy op dit stuit gjin ynsicht ha oangeande it Frysk yn it foarskoals ûnderwiis (b.g. pjutteboartersplakken) en yn it folwoeksene-ûnderwiis (b.g. basisedukaasje)Wat it iepenbier basis- en fuortset ûnderwiis oangiet, wolle wy it folgjende opmerke. Basisünderwiis Lyk as bekind, skriuwt de Wet op it Basisünderwiis yn kêst 9, lid 4, foar, dat op'e skoallen yn Fryslân teffens ûnderwiis jûn wurdt yn'e Fryske taal. Op fersyk kinne D.S. ûntheffing fan dy ferplichting jaan. De Fryske taal kin ek as fiertaal brûkt wurde. Dy ferplichting fan it Frysk is fierder útwurke yn'e skoallewurkplannen fan de basisskoallen. Net alle iepenbiere basisskoallen hawwe dy ferplichting op deselde wize ynfold. It bekostigingsbeslút basisünderwiis kint ek in komponint foar it Frysk wat de learmiddels oanbelanget. Yn earsten sille de learmiddels Frysk lykwols út in gewoane jierlikse learmiddelkredyt betelle wurde moatte. Fuortset Underwiis. Yn tsjinstelling mei it basisünderwiis is it Frysk op'e skoallen foar fuortset underwiis net ferplichte. Kêst 11 fan de Wet op it Fuortsetûnderwiis seit dat ûnder de Nederlânske taal ek de Fryske taal begrepen wurde kin. Foarsafier ús bekind is, wurdt it Frysk yn'e skoallen foar fuortsetûnderwiis yn ús gemeente noch net oanbean. De P.K.F. neamt lykwols ek stimulearjende maatrigels foar it fuortsetûnderwiis Omdat der gjin ryksfergoeding bestiet foar it Frysk yn it fuortsetûnderwiis hawwe wy inkelde jierren tebek (1985) it provinsjaal bestjoer al ris frege om in bydrage yn dat ferbân. De provinsje kin op grûn fan de Wet op it Fuortsetûnderwiis lykwols net bydrage yn'e kosten foar Frysk op skoallen fan fuortsetûnderwiis Wol stiet it provinsjale bestjoer der op oan, dat it Frysk ek ferplichte wurdt op'e skoallen foar fuortset underwiis. In mafû-skoalle yn Fryslân, dy't bygelyks it Frysk ynfierd hat is de mafû-skoalle yn Surhústerfean. Dat is bart yn'e brêgeklasse fia it fak stúdzjeoeren (1 oere yn'e wike). Eigen ünderwiisbeliedsplan. It boppesteande is foar ús oanlieding om yn it foarste plak jimme omtinken te freegjen foar it ünderwiisbeliedsplan, dat jimme ried yn syn gearkomst fan 20 novimber 1984 fêststeld hat. Lyk as jimme bekind is, is yn dat beliedsplan ek in haadstik opnommen oangeande de twataligens yn it underwiis yn ús gemeente. Yn dat plan wurdt mei grutte foldwaning konstatearre dat de Fryske taal yn'e rin fan de jierren akseptearre is as gelykweardich oan it Nederlênsk. 002IV 31

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 38