- 2 - De (oergings)wet (kêst E44) giet der fan út dat de skoalle folslein ynrjochte is. By de St. Martinusskoalle giet it om útwreiding fan meubilêr, dus om "earste ynrjochting"Neffens kêst 65 fan de wet op it basisûnderwiis fait dat ûnder it program fan easken "earste ynrochting ûnderwiislearpakket en meubilêr". Wol it bysûnder basis- ûnderwiis dêr foar yn oanmerking komme, dan moat in oanfraach yntsjinne wurde by de gemeenteried foar pleatsing op it plan fer- meardering húsfestingsfoarsjenningsDe proseduere dêrfan wurdt beskreaun yn de WBU. Wol in skoalle lykwols oanspraak meitsje op in (ryks)fergoeding, dan sil it oantal learlingen tanimme moatte, mei minimaal ien groep. By de St. Martinusskoalle giet it lykwols om in útwreiding fan 6 7 learlingen. Troch it bestjoer fan de St. Martinusskoalle is meiwurking frege op grûn fan kêst 74 WBU. It program fan easken op grûn fan kêst 74 han- nelt allinnich om ferfanctinor en oanpassing fan meubilêr en is dus eins net fan tapassing. Utwreiding fan meubilêr foar inkelde learlingen wurdt troch it Ryk net fergoede en moat eins betelle wurde út it eksploitaasjebudzjet fan de skoalle. Dat is in hiaat yn it fergoedingsstelselDe (ryks)- kommisje Londo sil dan ek neigean yn hoefier dêr in oplossing foar te finen is. Fierders hat de gemeente op dit stuit noch genêch brûkber meubilêr yn foarried. It is dan ek om dy reden net nedich om ekstra jild út te lûken foar nij. Wy binne fan betinken, dat wannear't de St. Martinusskoalle ta- kommend jier ferlet hat fan ekstra learlingesets foar de ûnderbouw, de skoalle it nedige materiaal fan de gemeente krije kin. Gearfetsjend stelle wy jim út meiwurking op grûn fan kêst 74 WBU of te wizen, mar om praktyske reden learlingesets ta te skowen oan de St. Martinusskoalle wannear't dêr ferlet fan is. Dit útstel is behannele yn'e tredde êfdieling fan jannewaris. Boargemaster en wethalders fan de gemeente Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0021V 9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 42