GEMEENTE BOARNSTERHIM 21. Utstel om in beslút te nimmen op in beropskrift ôfwizing stúdzje- kostefergoeding. Oan de gemeenteried. Grou, 4 maart 1988. Op 15 juny 1987 hat ús kolleezje it fersyk ûntfongen om in bydrage yn de stúdzjekosten foar in kursus bedriuwsfiering yn de metaal. It die bliken dat de kursus folge waard nei oanlieding fan in medysk advys, om te sjen nei mear lechamelik oanpast wurk. It belied fan it Ryk, de Provinsje en it Gewestlik Arbeidsburo is lykwols sadanich dat subsidiearring fan de kursus net mooglik is. Dêrom waard oankloppe by de gemeente. Us stênpunt wie dat de wurkjouwer yn dit gefal ek in ferantwurdlik- heid hat en dat dêr mar oankloppe wurde moast, mei it oanbod om eventueel te bemiddeljen wannear't de wurkjouwer net thús jaan soe. Op 28 septimber 1987 hawwe wy op'en nij it fersyk krigen om de saak nochris te besjen en de meidieling dat de wurkjouwer gjin inkelde bydrage jaan woe. Fan de kant fan de gemeente is doe besocht kontakt op te nimmen mei it bedriuw. Nei nochal wat fiven en seizen hat it bedriuw úteinliks meidield gjin rjochtstreeks belang by de omskolingskursus te hawwen en dêrom ek gjin bydrage joech. Ek in berop op de morele- en sosjale ferantwurdlikens fan it bedriuw nei in wurknimmer ta dy't him jierren lang ynset hat foar it bedriuw, die gjin fertuten. Dy hâlding fan it bedriuw troch in wurknimmer op sa'n wize yn'e kjeld te setten, hat ús eins wat ferbjustere. Dochs hawwe wy yn ús werberie it - net sa maklike - beslút nommen om gjin bydrage te ferlienen, om't de gemeente dêrmei de ferantwurd likens fan it bedriuw ôfnimme soe. Dêrop is berop ynsteld tsjin ús beslút (ynkommen 1 desimber 1987). De kommisje foar berop- en beswierskriften hat him op 13 jannewaris 1988 bûgd oer it beropskrift. De konkluzje en it advys wiene: dat it berop ûntfanklik is; dat op de sitting bliken dien hat dat earst by it gewestlik arbeidsburo oankloppe wurde kin wannear't útein setten wurdt mei de ôfkarrings- proseduere; dat oan oare easken sa as belestber ynkommen en ynwenner fan Boarnsterhim foldien wurdt, sadat de kommisje advisearret in bydrage te ferlienen. Sa't wy al earder steld hawwe hâlde wy fêst oan ús stânpunt wat de morele- en sosjale ferantwurdlikens fan it bedriuwslibben foar syn wurknimmers oer oangiet. Oan de oare kant bliuwt stean dat ek wy net lokkich binne mei in konflikt, dêr't in tredde de dupe fan wurde soe. 0028V 52

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 47