-2- Boppedat is op de sitting in nij elemint oandroegen, nammentlik dat it GAB/GAK pas helpe wol wannear't mei de ôfkarringsproseduere útein set wurdt. Mei de omskolingskursus Bedriuwslieding Metaal wurdt krekt beëage om dat foar te kommen om oan it arbeidsproses dielnimme bliuwe te kinnen. Yn dat ljocht besjoen binne wy omgien, yn dy sin dat wy foarkomme wolle dat immen troch burokratyske strakkens der ûnder driigt te strûpen. Hoewol net botte entûsjast slute wy ús derom oan by it advys fan de kommisje berop- en beswierskriften. Wy stelle jim dêrom út it advys fan de kommisje fan berop- en beswierskriften oer te nimmen en in bydrage te ferlinen oerien- komstich de noarmen, sa't dy neamd wurde yn it "Reglemint Stúdzje- fûns Gemeente Boarnsterhim". Boargemaster en wethâlder fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0028V 53

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 48