GEMEENTE BOARNSTERHIM
22. Utstel om de gemeentlike bydrage
foar it skoallebuske Idaard/Friens
en Reduzum nei ferrin fan in oer-
gangsperioade yn te lûken.
Oan de gemeenteried.
Grou/ 4 maart 1988.
Op grûn fan de Wet Gemeentlike Regelingen Learlingeferfier (stb.
719/86) hat jimme ried yn syn gearkomste fan 10 july 1987 (wurklist-
nûmer 30) de oardering learlingeferfier gemeente Boarnsterhim fêst-
steld. Dy oardering is mei yngong fan 1 augustus 1987 fan krêft
wurden.
Eftergrûn fan de Wet Gemeentlike Regelingen Learlingeferfier is twa-
liddich:
1. besuniging op termyn fan de kant fan it ryk;
2. der wurdt in stik finânsjele ferantwurdelikens by de gemeente
lein.
De wet jout de gemeente in tal needsaaklike ynstruminten om de
kosten fan it learlingeferfier te behearskjen; de saneamde "folume
beheinende maatregels".
Ien fan de útgongspunten fan it ryk op dat mêd is, dat de belieds-
frijheid fan de gemeenten sa grut mooglik wêze moat. De gemeente
krijt fan it ryk fia it gemeentefûns in fergoeding foar de útfiering
fan de wet.
Mei de fêststelling fan neamde oardering is tagelyk besluten om:
a. it beslút fan de eardere gemeente Raerderhim fan 5 oktober
1976, wêrby it mooglik wie in fergoeding ta te kennen foar it
ferfier fan beukers nei beukerskoallen, mei yngong fan 1
augustus 1987 yn te lûken.
Dat beslút wie nei de gemeentlike weryndieling kontinuearre
Omdat de wet net tastiet, dat der op grûn fan leeftiid in
ûnderskied makke wurdt by de takenning fan bydragen yn'e fer-
fierskosten moast dy regeling ferfalie.
b. it beslút fan de eardere gemeente Idaarderadiel fan 19 desimber
1978 om in jierlikse bydrage te jaan oan de Feriening foar
Iepenbier Underwiis foar de exploitaasje fan it skoallebuske
foar learlingen út Idaard en Friens te hanthavenjen.
Om reden fan ferkearsfeiligens hat de gemeente doedestiids
besletten finânsjeel by te springen yn de kosten fan de skoal-
lebus. Ut it riedsútstel docht dúdlik bliken, dat de gemeent
like subsydzje inkeld en allinne takind is om de feiligens fan
de skoalbern.
Ek út'e histoarje fan dat skoallebuske docht bliken, dat it
troch de gemeente ynlein is op grûn fan ferkearsfeiligens fan
de bern (iepene spoaroerwei Idaard/Reduzum en Oeriselske
strjitwei Friens/Reduzum)
Wat dat oanbelanget ferwize wy jimme nei it histoarysk oer-
sjoch: "skoallebus Friens - Idaard - Reduzum al meer as 50 jier
dat by de riedsstikken op besjen leit.
0028V