- 2 -
Allinne yn'e oarlochsjierren skynt it buske in skoft net riden
te hawwen.
Omdat de gemeentlike bydrage foar it buske net past yn'e struktuer
fan de Wet Gemeentlike Regelingen Learlingeferfier hat ús kolleezje
de Feriening foar Iepenbier Underwiis yn Reduzum by brief fan 25
augustus 1987 meidield, dat wy dochs fan doel wiene de bydrage fan
de gemeente 6.140,yn't jier en likernôch 50% fan de kosten) of
te bouwen yn 5 jier. De ôfbouregeling soe sa: 1988: 100%, 1989 100%,
1990: 75%, 1991: 50%, 1992: 25%.
By dy ôfbouregeling waard der fan útgien, dat troch ferbettering fan
de ferkearssitewaasje by Idaard en op de Oeriselske strjitwei de
ferkearsûnfeiligens foar de skoallebern sadanich ferbetterje sil,
dat it ienichste argumint "de ferkearsfeiligens" komt te ferfallen,
It argumint om foar it fefier fan skoallebern nei de Redúster
skoalle buten de wetlike regeling om wol in gemeentlike bydrage te
jaan en foar skoallebern nei oare skoallen yn'e gemeente net, is dan
ferfallen.
Tsjin dat brief binne 7 beswierskriften troch ûnderskate persoanen
en ynstânsjes yntsjinne, dy't ek by de riedsstikken op besjen lizze.
Nei oanlieding dêrfan ûndersteand in oersjoch fan skoallen yn Boarn-
sterhim, dy't ek bern fan bûten hawwe mei opjefte fan de ôfstân
tusken hûs en skoalle.
1.
Juf Boeremaskoalle te Akkrum
27
bern
1
oant
5
km
2.
Boarg. Thalenskoalle te Akkrum
1
bern
2
km
3.
Master Wielsmaskoalle te Grou
5
bern
2
oant
6
km
4.
Sint Radboudskoalle te Jirnsum
7
bern
1
oant
3
km
5.
It Tredde Sté te Jirnsum
3
bern
1
oant
1%
km
6.
De Finne te Aldeboarn
26
bern
2
oant
5
km
7.
It Raerderhiem te Raerd
32
bern
1
oant
3
km
8.
De Lege Geaën te Sibrandebuorren
12
bern
2
oant
4
km
9.
It Kampke te Terherne
2
bern
3
km
10.
CNS te Tersoal
40
bern
2
oant
4
km
11.
Sint Martinusskoalle te Wergea
8
bern
1
oant
3
km
12.
De Finne te Harten
2
bern
1
km
13.
It Ljochtbeaken te Warten
11
bern
1%
oant
4
km
14.
De Trije Doarpenskoalle te Reduzum
20
bern
1%
oant
4
km
15.
J.H. Nieuwoldskoalle te Wergea
39
bern
1
oant
4
km
16.
Dr. Eeltsje Halbertsmaskoalle te Grou
8
bern
3
oant
5
km
17.
De Nij Djipskoalle te Grou
8
bern
3
oant
6
km
18.
De Boarne te Aldeboarn
20
bern
1
oant
7
km
19.
Ds. Hasperskoalle te Akkrum
6
bern
3%
oant
4%
km
Hoewol 't him ek foar de skoallebern nei oare
as
de Redúster skoalle
sûnder mis wol knyppunten yn it ferkear foardwaan sille, wurde hja
ek net ferfierd mei in troch de gemeente subsidiearre skoallebuske.
Wa't oan de betingsten fan de oardering learlingeferfier foldocht,
kin yn'e beneaming komme foar in bydrage yn'e ferfierskosten op
basis fan in individuele oanpak.
0028V 72