GEMEENTE BOARNSTERHIM - MAAST 1988 Nû.: dm/ld De leden fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim. Jo brief fan: Merkteken: Underwerp: Riedsútstel 22 (bydrage skoalbuske). Achte leden. Op'e wurklist foar de riedsgearkomste fan 15 maart oansteande wurdt under nûmer 22 oanjûn: "Utstel om de gemeentlike bydrage foar it skoalbuske Idaard/Friens en Reduzum nei ferrin fan in oergongsperioade yn te lûken". Dat riedsútstel is justerjûn (3 maart 1988) bepraat yn'e 3e ôfdieling fan jimme ried. Under dy gearkomste hawwe ek belanghawwenden by it skoalbuske harren miening nei foaren brocht. Ien en oar hat der ta laat, dat der ynkoarten noch in petear mei belanghawwenden oer it skoalbuske ta stân komme sil. Yn ferbân dêrmei is boppesteand utstel fan de wurklist foar de riedsgearkomste fan 15 maart oansteande skrast. It útstel wurdt foarearst oanhalden. Mei rju achtinge, De boargemaster fan Boarnsterhim, B.G. Holtrop. weth. ûnderwiis, ûnderwiis, gemeentesiktaris. 0212B 62 Taheakke Koll Kopy Kantoaradres J W. de Visserwei 10 9001 ZE Grou Postadres' Postbus 40 9000 AA Grou Telefoarr 05662-9 trochkiesnûmer lepeningsoeren alle dagen 08.00-12 00

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 52