GEMEENTE BOARNSTERHIM 24. Utstel om in ekstra kredyt beskik- ber te stellen foar it oantugen fan nij meubilêr en nije skoal- buorden foar de Master Wielsma- skoalle te Grou. Oan de gemeenteried. Grou, 4 maart 1988. Troch de direksje fan de Master Wielsmaskoalle yn Grou is fersocht om nij meubilêr oan te tugen foar it personiel en om meielkoar 5 skoalbuorden te ferfangen troch nije. Wat it meubilêr oanbelanget, giet it om 8 buro's en 8 stuollen yn'e lokalen. Om ien en oar te ferfangen wurdt in bedrach fan 8.057, (b.t.w. ynbegrepen) frege. De oanfraach leit foar jimme by de rieds- stikken op besjen. Der is neigien yn hoefier reparaasje noch mooglik is. Neffens ús is it sa dat de buro's noch brûkber binne, mar dat de stuollen fer- fongen wurde moatte. De kosten dêrfan wurde troch ús rûsd op sa'n 1.500,(8 burostuollen) Fierders is fersocht om 5 buorden te ferfangen. De buorden binnen alris oerferve, mar dat is net al te sekuer bard, sadat de ferve al wer los lit. De konstruksje fan de buorden is noch goed, sadat wy fan betinken binne dat de buorden ris goed ûnder hénnen nommen wurde moatte, sadat se noch in oantal jierren mei kinne. Dat hêldt wol yn dat de êlde ferve der hielendal êfskuorre wurde moat. De kosten dêrfan wurde rûsd op 300,it boerd. Dat bedrach kin net betelle wurde út it bedrach dat op de post ûnderhâld meubilêr opnommen is. Wy stelle jimme ried dan ek út de post ûnderhâld meubilêr te fer- heegjen mei 1.500, Gearfetsjend stelle wy út in bedrach fan 3.000,beskikber te stellen foar it oantugen fan acht burostuollen foar it personiel en it reparearjen fan fiif buorden. It bedrach kin helle wurde út de post "reservearring iepenbier ûnderwiis". Boargemaster en wethêlders fan de gemeente Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0028V 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 54