- 6 - 11. Utstel oanoeande it fersyk fan de Permaninte Kommisje Frysk vn it underwiis (P.K.F.) om it ûnderwiis yn it Frysk yn alle skoal- letypen te befoarderien. Frou S. Ziilstra seit dat har fraksje dit útstel in goede saak fynt. Lykwols jout it in dubeld ge foei. Oan de iene kant soe it eins net mear wêze moatte dat rjochten foar jins eigen taal hyl- titen wer befochten wurde moatte. Oan'e oare kant 'jout it oan dat dit nedich is om de Fryske taal te behâlden en neist it Nederlênsk te hawwen. Dat dubele gefoel krije jo ek as jo mei minsken út'e eigen omjouwing prate. As de ien der tige foar is dat de Fryske taal en kultuer befoar- dere wurdt seit in oar: "Frysk is wol best hear, mar net sa trochdriuwerich" Dochs is it nedich dat we der mei dwaande bliuwe moatte. De ryksoerheid docht in stap tebek yn it lykweardich besjen fan Frysk en Nederlênsk yn it fuortset ûnderwiis. Deputearre Steaten hawwe dêrom in ferûntreste brief skreaun oan'e Twadde Keamer en der op oantrune dat it Frysk yn'e legere klassen fan it fuortset ûnderwiis ferplichte wurdt. Har fraksje kin it mei it útstel iens wêze en hopet dat der op'en doer in dúdlik belied komt. Hja wol graach op'e hichte bliuwe fan'e útslach fan de petearen neamd ûnder a mar ek fan b, c en d yn it utstel. Frou Watzema seit dat har fraksje him yn grutte linen fine kin yn it útstel. Hja fine it terjochte dat der gjin aparte wurk- groep komt. It oerlis mei meisizzenskipsrieden en êlderkommisjes fine hja wol tige wichtich. Ynspraak fanôf de basis is in goed ding. De hear Dotinaa stipet it utstel. Hy foarsjocht lykwols wol swierrichheden. De hear Van der Baan is tige tefreden oer it útstel. Hy is bliid dat it kolleezje in dúdlik stânpunt ynnommen hat. As jo nei it ûnderwiis sjogge dan is it hiel opfallend dat it by beukers hiel gewoan is dat it Frysk brûkt wurdt. Yn it leger ûnderwiis giet dat stadichoan achterút. It soe eins krekt as by it beukerûnderwiis hiel gewoan wêze moatte dat Frysk en Nederlênsk neist elkoar brûkt wurde. Dy line soe trochlutsen wurde moatte nei it fuortset underwiis. Yn it fuortset underwiis yn Boarnsterhim wurde de mooglikheden dy't der binne net folslein meinommen. Dat fynt hy tige spitich. It Frysk soe bést as fiertaal brûkt wurde kinne by bygelyks de saakfakken. Hy hopet dat de wethêlder der ris oandacht oan besteegje wol. Wethêlder Bloem seit dat hja bliid is dat de ferskate fraksjes it útstel stypje. It is in goede saak om mei faas je oan'e gong te gean. It is wol dúdlik dat der yn it ramt fan'e Wet op de Basisfoar- ming goed om it plak fan it Frysk dêryn tocht wurdt. Fansels sille de risseltaten fan'e petearen wer yn'e tredde êfdieling behannele wurde. Hja wol net sizze dat de iene groep wichtiger is dan de oare, mar eltsenien neffens de oanjûne linen op syn as har eigen ferantwurdlikens oansprekke. Hja begrypt de hear Dotinga net as hy praat oer te ferwachtsjen swierrichheden. Hja tinkt dat de útstellen oangeande it Frysk yn'e basisfoarming tige kritysk besjoen wurde moatte. De hear Van der Baan seit dat yn'e nije Wet op de Basisfoarming it Fyrsk net opnommen is. Is it op dit stuit noch mooglik it Frysk as fakultatyf fak te jaan, aanst is dat net mear mooglik. 0029V 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 8