- 7 - Dat is tige spitich en hy hopet dat der noch feroaring yn komme kin. Hy stelt dêrom út in moasje nei Den Haach te stjoeren. Hy lest de moasje foar. Der stiet: "De rie fan Boarnsterhim, op 23 febrewaris 1988 yn gearkomste byïnoar: hat him dwaande halden mei de posysje fan it Frysk yn'e nije Wet Basisfoarming fuortset ûnderwiis; no't it frysk as fak alhiel driget te ferdwinen yn'e basis foarming, stiet hy der by it kolleezje op oan, om by de Twadde Keamer de ûngerêstens dêroer nei foaren te bringen en oan te trúnjen it Frysk as ferplichte fak yn'e Wet Basisfoarming op te nimmen en tagelyk de needsaaklike mid dels dêrfoar frij te meitsjen". Frou Faber wol graach oerlis oer de ynhêld fan'e moasje. De voorzitter schorst hiervoor om 20.55 uur de vergadering. De voorzitter heropent de vergadering om 21.15 uur. Frou Faber seit dat har fraksje achter de moasje stiet. Yn pleats fan in stap tebek sille wy noris in stap foarút meitsje moatte en dêrom kinne hja it der mei iens wêze, dat it Frysk ferplichte wurdt. Frou Watzema seit dat har fraksje der foar is dat it bliuwt sa't it is, nammentlik dat it Frysk fakultatyf jûn wurde kin. Hja hawwe der beswier tsjin dat it Frysk ferplichte wurde soe. Dêrom kin har fraksje dan ek net achter de moasje stean. De hear Dotinaa seit dat syn fraksje de moasje stipet. Hy doelde mei swierrichheden op it feit, dat as it Frysk ferplichte wurdt, it foar komme kin dat bern fan'e iene nei de oare skoalle gean inkeld en allinnich omdat de iene skoalle Frysker is as de oare. Der binne ek minsken dy't dan wol yn Fryslên wenje, mar it Frysk net leare wolle. Wethâlder Bloem seit dat it kolleezje de moasje oernimt. Hja tinkt dat it in goede saak is net op in bepaald momint yn it ûnderwiis te stopjen mei it Frysk. Yn'e praktyk binne no de fasiliteiten sa beheind, dat it Frysk, dat fakultatyf yn it fuortset ûnderwiis jûn wurde kin, net goed fan'e grûn te krijen is. It is krekt de bedoeling om no nei te gean wêr't jo yn'e praktyk tsjin oprinne en op hokker wize dy swierrichheden op te lossen binne. Vervolgens wordt het voorstel zonder hoofdelijke stemming aan genomen. Zonder hoofdelijke stemming wordt ook de motie van de heer Van der Baan aangenomen. De fractie van de WD wil geacht worden te hebben tegengestemd. 12Utstel om ai in meiwurkina te ferlienen oan it fersyk fan it bestioer fan de stiftina "Katholiek onderwijs Warqa - Wartena e.o." om meiwurkina foar it oantuaien fan learlinaesets De hear Dotinaa kin ynstimme mei it útstel as der mar goed by- passend materiaal komt. Yn Jirnsum is koartlyn in soartgelikense oanfraach west en dêr is materiaal hinnegien dat net al te moai mear wie en der net sa moai bypaste. Yn dy skoalle wiene wol fjouwer ferskillende soarten sets. Hy is der ek beneid nei wat de LONDO-kommisje foar oplossing hat. 0029V 7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 9