GEMEENTE BOARNSTERHIM
14. Utstel ta it fêststellen fan in
oantal ûnderdielen fan it
ûnderwiisbeliedsplan.
Oan de gemeenteried.
Grou, 4 maaie 1988.
Yn ferfolch op jim beslút fan 20 novimber 1984 oangeande it
fêststellen fan in ûnderwiisbeliedsplan foar it iepenbier ûnderwiis
yn dizze gemeente, biede wy jim in oantal oanfoljende ûnderdielen
oan. It giet om de ûnderdielen bewegingsûnderwiis,
frouljuemansipaasje en ûnderwiisoerlisstruktuer
De trije foarneamde ûnderdielen binne troch de gemeentelike
wurkgroep de K.U.B. (kommisje ûnderwiisbeliedsplan) taret en
foarsjoen fan kommintaar nei oanlieding fan reaksjes fan de
meikedizingsrieden fan skoallen foar iepenbier underwiis. De K.U.B.
wie fan miening dat dizze ûnderdielen noch of net foldwaande
beskreaun wiene yn it ûnderwiisbeliedsplan.
Njonken de trije ûnderdielen dy't jimme ried no oanbean wurde, hat
de K.U.B. him ek noch dwaande hélden mei musykûnderwiis en de
bekostiging fan it basisûnderwiis
Troch de perikels mei de nije regioyndieling hat de K.U.B. der fan
Sfsjoen om it musykûnderwiis foar Boarnsterhim te beskriuwen. Wol
hat de K.U.B. in advys gearstald oer it takomstich musykûnderwiis
Dernjonken hat de K.U.B. op eigen manneboet it bekostigingsstelsel
basisunderwiis beskreaun, mei der oan tafoege in oantal
útgongspunten, dy't wy earst hifkje wolle oan de mooglik finansjele
konsekwentiesDêrfandinne dat wy dat ûnderdiel noch oanhalden
hawwe. Fierders is troch jim ried by it fêststellen fan it
underwiisbeliedsplan yn 1984 der op oantrune om de ûnderdielen
bewegingsûnderwiis en frouwenemansipaasje te beskriuwen.
De K.U.B. hat dizze ûnderdielen taret en dêr noch oan taheakke it
ûnderdiel "ûnderwiis-oerlisstruktuer", om't neffens it skriuwen fan
de K.U.B. der dúdlikens wêze moat oer de ferskate foarmen fan oerlis
en wa't allegearre belutsen wurde by it underwiis yn Boarnsterhim.
De reaksjes fan de meikedizingsrieden binne foar in part oernommen,
neffens it advys fan de K.U.B. It oangbelangjende advys leit foar
jim by de stikken op besjen.
Gearfetsjend stelle wy jim út de ûnderdielen bewegingsûnderwiis,
frouljuemansipaasje en ûnderwiisoerlisstruktuer oerienkomstich it
advys fan de K.U.B, fêst te stellen.
Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim,
de siktaris, de boargemaster,
P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.
0032V