GEMEENTE BOARNSTERHIM
15. Utstel ta it oanwizen fan in
riedslid yn'e stjoergroep kommisje
ûnderwiisbeliedsplan.
Oan de gemeenteried.
Grou, 4 maaie 1988.
Sa't jim witte bestiet de stjoergroep "kommisje ûnderwiisbeliedsplan
(K.U.B.neist de wethâlder, ûnderwizend personiel en âlders út twa
riedsleden.
De hear J. van der Baan dy't oan't no ta ien fan dy twa plakken
beset hat hat ús middels de K.U.B. witte litten om reden fan tiid te
betankjen foar it lidmaatskip fan de K.U.B. Reden foar ús om jim út
te stellen immen te beneamen dy't sitting nimme wol yn'e K.U.B.
Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim,
de siktaris, de boargemaster,
P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.
0032V