-9- Hy set in fraachteken by it beteljen fan efterstallich ûnderhâld oer de kommende 10 jier út te smarren. Foar dit ûnderhâld hie reservearre wurde moatten. Dizze operaasje fan in ton komt ús meielkoar oardel ton te kostjen. It gefaar bestiet dat bygelyks nei 6 jier al wer saken op'e nij dien wurde moatte en dan rinne we alhiel op'e stomp. Hy fynt dit dêrom net in ferstannige finansiering. It liket him net mooglik 5 sportfjilden te renovearjen foar in ton sjoen de rapporten oer de hjoeddeiske sitewaasje. Hy fynt it ek in beswier dat dit útstel net yn'e ôfdieling behannele is. Der is gjin begrutting en ek net in offerte oerlein. Om dy reden soe it útstel werommoatte nei de ôfdieling. It fernuvert him ek dat it ynisjatyfútstel dat troch him yntsjinne is oangeande it brûken fan'e bestimmingsreserves foar in totale renovaasje fan'e sportfjilden yn Grou op it âlde plak noch neat fierder kaam is. It hie yn dizze diskusje meinommen wurde moatten of seis miskien wol foarôf. Hy sil dêrom tsjin dit útstel stimme. Hy set ek noch fraachtekens by it feit dat it kolleezje seit dat de bereiningsapparatuur no noch wol wachtsje kin. En as der no aanst wer in drûge simmer komt, wat dan? As de 15.000,net nedich wêze soe foar bereiningsapparatuur dan soe dat jild werom moatte nei de algemiene middels. De hear Dotinaa ûnderskriuwt dit leste. Hy wol earst yn'e ôfdieling prate oer benammen de trochspuitapparatuerNeffens him kin it trochspuitsjen fan'e drainaazje better útbestege wurde dan dat we it seis dogge. Frou Faber seit dat der al faak oer de minne tastân fan'e sportfjilden praat is. It is bekend dat dere nochal wat wedstriden Sflost wurde moasten. Men betellet wol hier mar kin faak de fjilden net brûke. Dat is fansels in minne saak. Se hopet dat mei de ton dy't no beskikber is yndied 5 fjilden opknapt wurde kinne. It is begrutlik dat dy ton yn 10 jier ofskreaun wurde moat. Oan'e oare kant is it sa dat it echt needsaaklik is dy 5 fjilden oan te pakken. Dat it útstel net yn'e ôfdieling behannele is fynt hja spitich. Fansels sil dizze simmertiid brûkt wurde om de fjilden op te knappen en as it útstel no oanhalden wurde soe, soe dat betsjutte kinne dat de skeppe pas folie letter de grûn yn kin. It is wol in goede oplossing om dizze 5 strieminne fjilden oan te pakken mar der binne mear fjilden dêr't de tastân net florisant fan is. Hoe komt it yn'e takomst mei de oare fjilden? Dat is de grutte soarch fan har fraksje. De 10.000,dy't dêrfoar beskikber is is net sa folie. By de behanneling fan'e foarjiersnota moat der neffens har goed oer praat wurde. Der stiet 650.000,op'e begrutting foar ûnderhâld oan sportfjilden en -akkommodaasjes. Se soe wolris witte wolle wat foar post foar ekstra ûnderhâld der yn sit. De hear Van den Bosch is der tige mei ynnommen dat der no wat oan'e sportfjilden bart. 0035V 9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 12