GEMEENTE BOARNSTERHIM 23. Utstel om de gemeentlike bydrage foar it skoallebuske Idaard/Friens en Reduzum by koarten yn te lûken. Oan de gemeenteried. Grou, 24 juny 1988. Op grûn fan de Wet Gemeentlike Regelingen Learlingeferfier (stb. 719/86) hat jimme ried yn syn gearkomste fan 10 july 1987 (wurklist- nûmer 30) de oardering learlingeferfier gemeente Boarnsterhim fêst- steld. Dy oardering is mei yngong fan 1 augustus 1987 fan krêft wurden. Eftergrûn fan de Wet Gemeentlike Regelingen Learlingeferfier is twa- liddich: 1. besuniging op termyn fan de kant fan it ryk; 2. der wurdt in stik finânsjele ferantwurdelikens by de gemeente lein. De wet jout de gemeente in tal needsaaklike ynstruminten om de kosten fan it learlingeferfier te behearskjen; de saneamde "folume beheitiende maatregels". Ien fan de útgongspunten fan it ryk op dat mêd is, dat de belieds- frijheid fan de gemeenten sa grut mooglik wêze moat. De gemeente krijt fan it ryk fia it gemeentefûns in fergoeding foar de útfiering fan de wet. Mei de fêststelling fan neamde oardering is tagelyk besluten om: a. it beslút fan de eardere gemeente Raerderhim fan 5 oktober 1976, wêrby it mooglik wie in fergoeding ta te kennen foar it ferfier fan beukers nei beukerskoallen, mei yngong fan 1 augustus 1987 yn te lûken. Dat beslut wie nei de gemeentlike weryndieling kontinuearre. Omdat de wet net tastiet, dat der op grün fan leeftiid in ûnderskied makke wurdt by de takenning fan bydragen yn'e fer- fierskosten moast dy regeling ferfalle. b. it beslút fan de eardere gemeente Idaarderadiel fan 19 desimber 1978 om in jierlikse bydrage te jaan oan de Feriening foar Iepenbier Underwiis foar de ezploitaasje fan it skoallebuske foar learlingen út Idaard en Friens te hanthavenjen Om reden fan ferkearsfeiligens hat de gemeente doedestiids besletten finânsjeel by te springen yn de kosten fan de skoal- lebus. Ut it riedsútstel docht dúdlik bliken, dat de gemeent like subsydzje inkeld en allinne takind is om de feiligens fan de skoalbern. Ek út'e histoarje fan dat skoallebuske docht bliken, dat it troch de gemeente ynlein is op grün fan ferkearsfeiligens fan de bern (iepene spoaroerwei Idaard/Reduzum en Oeriselske strjitwei Friens/Reduzum) Wat dat oanbelanget ferwize wy jimme nei it histoarysk oer- sjoch: "skoallebus Friens - Idaard - Reduzum al meer as 50 jier dat by de riedsstikken op besjen leit. 0034V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 50