- 2 - Allinne yn'e oarlochsjierren skynt it buske in skoft net riden te hawwen. Omdat de gemeentlike bydrage foar it buske net past yn'e struktuer fan de Wet Gemeentlike Regelingen Learlingeferfier hat ús kolleezje de Feriening foar Iepenbier Underwiis yn Reduzum by brief fan 25 augustus 1987 meidield, dat wy dochs fan doel wiene de bydrage fan de gemeente 6.140,yn't jier en likernôch 50% fan de kosten) of te bouwen yn 5 jier. De ôfbouregeling soe sa: 1988: 100%, 1989 100%, 1990: 75%, 1991: 50%, 1992: 25%. By dy ôfbouregeling waard der fan útgien, dat troch ferbettering fan de ferkearssitewaasje by Idaard en op de Oeriselske strjitwei de ferkearsûnfeiligens foar de skoallebern sadanich ferbetterje sil, dat it ienichste argumint "de ferkearsfeiligens" komt te ferfallen, It argumint om foar it fefier fan skoallebern nei de Redúster skoalle bûten de wetlike regeling om wol in gemeentlike bydrage te jaan en foar skoallebern nei oare skoallen yn'e gemeente net, is dan ferfallen. Tsjin dat brief binne 7 beswierskriften troch ûnderskate persoanen en ynstânsjes yntsjinne, dy't ek by de riedsstikken op besjen lizze. Nei oanlieding dêrfan ûndersteand in oersjoch fan skoallen yn Boarn- sterhim, dy't ek bern fan bûten hawwe mei opjefte fan de ôfstân tusken hûs en skoalle. 1. Juf Boeremaskoalle te Akkrum 27 bern 1 oant 5 km 2. Boarg. Thalenskoalle te Akkrum 1 bern 2 km 3. Master Wielsmaskoalle te Grou 5 bern 2 oant 6 km 4. Sint Radboudskoalle te Jirnsum 7 bern 1 oant 3 km 5. It Tredde Sté te Jirnsum 3 bern 1 oant 1% km 6. De Finne te Aldeboarn 26 bern 2 oant 5 km 7. It Raerderhiem te Raerd 32 bern 1 oant 3 km 8. De Lege Geaën te Sibrandebuorren 12 bern 2 oant 4 km 9. It Kampke te Terherne 2 bern 3 km 10. CNS te Tersoal 40 bern 2 oant 4 km 11. Sint Martinusskoalle te Wergea 8 bern 1 oant 3 km 12. De Finne te Warten 2 bern 1 km 13. It Ljochtbeaken te Warten 11 bern 1% oant 4 km 14. De Trije Doarpenskoalle te Reduzum 20 bern 1% oant 4 km 15. J.H. Nieuwoldskoalle te Wergea 39 bern 1 oant 4 km 16. Dr. Eeltsje Halbertsmaskoalle te Grou 8 bern 3 oant 5 km 17. De Nij Djipskoalle te Grou 8 bern 3 oant 6 km 18. De Boarne te Aldeboarn 20 bern 1 oant 7 km 19. Ds. Hasperskoalle te Akkrum 6 bern 3% oant 4% km Hoewol't him ek foar de skoallebern nei oare as de Redúster skoalle sûnder mis wol knyppunten yn it ferkear foardwaan sille, wurde hja ek net ferfierd mei in troch de gemeente subsidiearre skoallebuske. Wa't oan de betingsten fan de oardering learlingeferfier foldocht, kin yn'e beneaming komme foar in bydrage yn'e ferf ierskosten op basis fan in individuele oanpak. 0034V 37

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 51