- 3 - Wat de knyppunten yn it trajekt Idaard - Reduzum oanbelanget, sjocht it der nei út, dat de ferkearsûnfeiligens by Idaard yn 1991 fer- bettere wêze sil. Sa't it no stiet, sil dan ûnder Rykswei 32 (ferdûbeling Rykswei 32) en de spoarwei-oergong in ferkearstunnel troch lizze. Wat de knyppunten yn it trajekt Friens - Reduzum oangiet, sil de ferkearsûnfeiligens by de Snitserhoeke nei alle gedachten yn 1991 ek ferbettere wêze troch it oanlizzen fan in fytstunnel. De Snitser- strjitwei (Sil) sil trochlutsen wurde nei Rykswei 32. Dat besjut dat it ferkear troch Reduzum (Oeriselske strjitwei) ek gâns fermindere wêze sil (ferkear Snits-Ljouwert) Op dit stuit giet it noch om 5 knyppunten, te witten: 1. Rykswei 32 (oerstekke by Idaard); 2. oerwei (oerstekke by Idaard); 3. Oeriselske strjitwei (oerstekke by Friens); 4. Snitserhoeke (oerstekke by Friens); 5. Oeriselske strjitwei (oerstekke yn Reduzum). By útfiering fan de nije ferkearssitewaasjes sille de knyppunten 1, 2, en 4 weinommen wêze. It oerstekken fan de Oeriselske strjitwei by Friens nei it fytspaad en oarsom is lyk as it oerstekken fan dy wei yn Reduzum nei ús betinken op himsels net in bûtengewoane ferkearssitewaasje. Soksoarte sitewaasjes dogge him oars yn'e gemeente ek wol foar. Yn'e gearkomste fan de tredde Sfdieling fan jimme rie op 3 maart lestlyn is it ynlûken fan de jierlikse bydrage foar it skoallebuske bepraat. Der is doe oerienkommen om in Sfsûnderlik petear mei de skoallebuskommisje te halden. Dat petear hat op 1 juny lestlyn west, mar hat gjin wiziging yn ús stânpunt brocht. Wy bliuwe fan miening, dat, wannear't de ferkearsknyppunten yn ridlikens weinommen binne, it tsjinoer de likernêch 250 oare bern yn'e gemeente - dy't ûnderweis nei en fan skoalle ek ûnderskate ferkearsknyppunten nimme moatte (tink ûnder oaren oan Bûtlânswei, Boarnsterdyk) - net te meitsjen is dat hja net en de learlingen foar de skoalle yn Reduzum wol mei in bus, dy't foar in wichtich part mei gemeentejild subsidiearre wurdt ferfierd wurde. Hoewol't de buskekommisje dêroer, benammen op grûn fan histoaryske rjochten, fan mear as 50 jier lyn, oars oer tinkt, hanthavenje wy ús stânpunt, nei jitris de tredde Sfdieling dat oangeande op 3 juny lêstlyn heard te hawwen, dat de gemeentlike bydrage ynlutsen wurde moat fanof it momint, dat de ferkearsûnfeilige knyppunten weinommen binne Op grûn fan it boppesteande miene wy dat der wol reden is om de gemeentlike bydrage yn te lûken, mar dat it momint werop, dúdliker yn ferbên brocht wurde moat mei it weinimmen fan de ferkears- ûnfeilige knyppunten. 0034V 38

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 52