- 4 - Gearfetsjend en ûnder ferwizing nei de oanbelangjende stikken, dy't by de riedsstikken op besjen lizze, stelle wy jimme út om de bydrage yn'e kosten fan it skoallebuske tusken Idaard/Friens en Reduzum yn te lûken mei yngong fan it oplever jen fan de leste tunnel, lykas hjir foar beskreaun is en fan dat beslút net allinne de skoallebuskekommisje yn Reduzum op'e hichte te bringen, mar ek de persoanen en ynstânsjes, dy't in beswierskrift yntsjinne ha tsjin ús brief fan 25 augustus 1987. Sjoen de termyn en sjoen it effekt op de dekking fan de kosten fan it buske, stelle wy fierder gjin ôfbouregeling foar. It konsept-reidsbeslút leit by de riedsstikken op besjen. Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0034V 39

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 53