GEMEENTE BOARNSTERHIM 26. Utstel om meiwurking te wegerjen foar it ferfangen fan de sintrale ferwaarmingstsjettel yn'e bysûndere basisskoalle "De Finne" yn Aldeboarn. Oan de gemeenteried. Grou, 24 juny 1988. It bestjoer fan de feriening foar protestants kristlik basisûnderwiis yn Aldeboarn hat in oanfraach yntsjinne om op grûn fan kêst 74 fan de Wet op it Basisûnderwiis meiwurking te ferlienen foar it ferfangen fan de sintrale ferwaarmingstsjettel yn harren bysundere basisskoalle "De Finne" yn Aldeboarn. It bestjoer ljochtet ta, dat ien fan de beide oanwêzige s.f.-tsjettels likernôch 18 jier âld is en fanwege lang gebrûk as fersliten beskSge wurde moat. Dêrtroch is ferfanging needsaaklik, sa is it skoallebestjoer fan betinken. Nei oanlieding fan it boppesteande merke wy op, dat neffens de Londo-noarmen de termyn fan ferfanging foar in s.f.-tsjettel 20 jier is. Yn'e skoalle stiet in ts jettel fan it merk "Remeha gas 4" boujier 1971. De tsjettel is dus 17 jier âld. Ut in globale ynspeksje fan'e kant fan de gemeente hat bliken dien, dat de tsjettel uterlik der noch ridlik goed útsjocht. Yn 1987 hat it bestjoer foar eigen rekken wizigings yn'e ynstallaasje oanbringe litten en is in nije regelapparatuer pleatst. De direkteur fan de skoalle is fan betinken, dat dy apparatuer net goed funksjonearret. Neffens it rapport fan F.I.B. Swart B.V. te Ljouwert, dat wy by it skoallebestjoer opfrege hawwe - it rapport leit by de riedsstikken op besjen - hat de tsjettel in leech rendemint (likernôch 67,6%). Datoangeande jout it gemeentlik gasbedriuw, dat dêr ek in ûndersyk nei ynsteld hat, in rendemint oan fan 74,8% by in ófstelde belesting fan 50,8 kw. De fabryksmjittige opjefte yn dat ferbân jout by in nije tsjettel in rendemint oan fan likernoch 77% by in belesting fan 78 kw. Neffens it gasbedriuw is de netto-kapasiteit foar in saneamde F.R.-tsjettel (ferbetterd rendemint) ûngefear 80%. Nei ús betinken moat de tsjettel op'e nij ôfsteld wurde, wylst in weromfal fan likernoch 3% yn 17 jier mar in bytsje is. It is min te sizzen of de hjoeddeiske tsjettel noch 1 of 5 jier brûkt wurde kin. Sa't it him no oansjen lit, hoecht de tsjettel net ferfongen te wurden, mar is it op'e nij of stellen fan de tsjettel nedich. 0034V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 57