-2- Foar de folsleinens wize wy der op, dat, wannear't it gean soe om ferfanging fan de tsjettel de gemeente heechút 3/17 part fan de kosten fergoedet, omdat it bekostigjen troch de gemeente net earder as mei yngong fan 1 augustus 1985 fan tapassing is. It skoallebestjoer hat nammentlik jierren efterien reservearje kinnen foar it ferfangen fan de s.f.-tsjettel, wylst dûbel beteljen yn striid is mei de "normale easken", dy't oangeande it ûnderwiis steld wurde. Dy problematyk is doetiids ek sinjalearre troch de kommisje "Londo". Yn dat ferbân ferwize wy teffens nei ús útstel fan 8 april 1988, nûmer 30 oangeande it ferfangen fan de sf.-tsjettel yn'e Ds. Hasperskoalle yn Akkrum. Wy wolle der noch oan taheakje, dat fan'e kant fan de gemeente heechút in F.R. (ferbetterd rendemint) tsjettel fergoede wurdt en net de gâns djoerdere H.S. (heger rendemint) tsjettel en de dêrmei gearhingjende oare opstelling. Gearfetsjend stelle wy jimme út om de meiwurking, dy't troch it bestjoer fan de feriening fan protestants kristlik basisûnderwiis yn Aldeboarn frege wurdt, yn dit gefal te wegerjen. It ûntwerp-riedsbeslút leit datoangeande foar jimme by de riedsstik- ken op besjen. Boargemaster en wethalders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0034V 81

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 58