-2- De hear Van den Bosch seit dat it stik ynkommen is op 18 april. It hie dus best yn'e ôfdieling fan begjin maaie behannele wurde kinnen. De voorzitter brengt daar tegenin dat de stukken voor de afdelingsvergadering al op 20 april de deur uit zijn gegaan. Punt 14. De hear Van der Baan wiist derop dat hy begrepen hat dat de famylje troch de fersmoarging dy't dêr konstatearre is yn finansjele swierrichheden komt. Hy freget der omtinken foar dat de minsken omt se earst de hier betelje moatte gjin finansjeel neidiel ûnderfine sille trochdat it jild pas in hiele tiid letter wer werom betelle wurdt. De hear SBouma seit dat syn fraksje graach witte wol hoe't it lân derhinne leit. Fral omt hy heard hat dat noch foar't der in advys is, der al kosten makke binne. Wethâlder Breeuwsma seit dat as der tasizzings dien binne dy neikommen wurde sille. Hy sil neigean hoe't alles krekt ynelkoar stekt. It ferslach, oer hoe't de grûn der útsjocht, is noch net behannele yn it kolleezje. Sa gau as mooglik sil hy yn'e ôfdieling meidielingen dwaan oer de konsekwinsjes De ingekomen stukken worden, voor zover niet anders vermeld, voor kennisgeving aangenomen. 3Mededelingen. Punt 4. De hear Van der Baan freget nei de priisstelling. Wethâlder Breeuwsma seit dat hy yn de ôfdieling folsleine ynformaasje jaan sil. De priis fan 20,de kantemeter hat te krijen mei it feit dat der ek wetter bij belutsen is. Punt 8. De hear Bethlehem seit dat hy de steatssiktaris en de minister president betanket foar it feit dat hja antwurde hawwe op'e moasje, alhoewol't hy it net iens is mei it antwurd. Op'e earste side fan it brief wurdt skreaun dat likernôch 85 persint fan it nedige bedrach foar it wentebouprogramma 1987 al ôfsluten is. It docht bliken dat der foar 1988 noch neat realisearre is. De moasje gong derom dat der jild foar de sosjale wentebou beskikber steld wurde moat. It jild dat de wentebouferiening oan it ryk betelje moatten hie omt se flugger ôflost hawwe moat werom. Yn juny sil de steatssiktaris mei nije sifers komme. Hy stelt út yn elts gefal oant sa lang de moasje oerein te hâlden. Wethâlder Breeuwsma kin der net safolle oan óf of ta dwaan en hy is it der wol mei iens dat de moasje oant juny ta oerein bliuwt. 0035V 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 5