-3- Punt 9. De hear Van der Baan docht de suggestje it boekwurkje by De Baanbrekker printsje te litten. De voorzitter neemt dit mee. Punt 11. De hear SBouma is der bliid mei dat de fjouwer wenten net yn'e Baai boud wurde. Syn fraksje is noch hyltiten tsjin it útstel in tariedingsbeslút foar it plan Meinga te nimmen út reden fan de arguminten dy't hy yn de foarige riedsgearkomsten op tafel lein hat. De hear Van der Baan is it mei dit leste iens. Op syn minst moat der in struktuerplan wêze en in eksploitaasjeopset foardat in tariedingsbeslút nommen wurdt. Wethâlder Breeuwsma nimt nota fan dizze opmerking. Hy wiist der op dat as men dit stânpunt hat men wol witte moat dat it kontingent ús noas foarby giet. De hear Van der Baan seit dat it struktuerplan der al lang lizze kind hie en it is dus net in saak fan de rie as fan riedsleden mar fan it kolleezje dat syn saakjes net op'e tiid klear hat. De hear Nieuwdam mient te witten dat yn'e leste mienskiplike ôfdielingsgearkomste wiidweidich praat is oer dit stikje grûn. Hy hat begrepen dat eltsenien der mei akkoart wie dat it earste part fan it plan Meinga eksploitabel is en dus sunder beswieren útfierd wurde kin. Hy fernuvert him deroer dat der no yn'e rie wer oare lûden te hearren binne. De voorzitter onderstreept deze woorden. Fase la van het plan Meinga is kostendekkend en wordt dat nog meer doordat er 4 extra woningen eerder gerealiseerd worden. De heer SBouma seit dat hy it plan Meinga yn syn gehiel besjoen hat en net allinne op it ûnderdiel dêr't no omgiet. Hy hat net it ljocht op grien setten yn'e ofdielingsgearkomsten. Besluten wurde ommers yn'e rie nommen en net yn'e ôfdieling. Wethâlder Breeuwsma seit dat oan dit tariedingsbeslút gjin finansjele gefolgen fêstsitte. Vervolgens worden de mededelingen voor het overige voor kennisgeving aangenomen. 4. Voorstel tot voordracht van bestuursleden van de Stichting Verzorgingscentra Utinaeradeel te Akkrum. De voorzitter stelt voor de stemming te combineren met die van agendapunt 4a. Voorstel tot het aanwijzen van vertegenwoordigers in de organen van de Regio Noord-Friesland. Frou Faber makket de foardracht bekind. Foar de P.v.d.A. is kandidaat de hear Renia, foar it C.D.A; de heer Dotinga, foar de V.V.D. frou Aukes. 0035V 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 6