-6- In zijn algemeenheid merken wij op dat de voorgestelde extra ramingen, alsook de voorgestelde bezuinigingen, slecht zijn onderbouwd. Het valt ons op dat u in sommige gevallen klakkeloos extra raamt, zonder daarbij de vraag te stellen of er misschien een andere beleidsaanpak noodzakelijk is. Hetzelfde zien we bij de bezuinigingsvoorstellen waar u niet de moeite heeft genomen om de inhoudelijke consequenties te onderzoeken. De vele vragen en reacties van alle kanten uit commissies en raden bevestigen deze aanpak. Bovendien maakt u het ingewikkeld door enkele voorstellen met een verdeeld college-standpunt aan de raad voor te leggen. Wij spreken de hoop uit dat het college onze voorstellen en suggesties die wij straks bij de behandeling van die punten naar voren zullen brengen, zal overnemen. Mocht u niet zo ver willen gaan dan wordt de V.V.D.-fractie geacht te hebben tegengestemd op de door ons genoemde onderdelen die afwijken van het college voorstel. De hear Dotinaa seit dat hy net in algemiene skôging makke hat. De nota leit foar ús en it is spitich dat dy sa grut wurden is. Hy hopet dat de útkomst sa wêze sil as ferwachte wurdt. De hear Van der Baan seit dat it him muoit dat der mei de maitiidsnota konkludearre wurde moat dat wat nei de takomst ta sa wichtich is snoeid wurdt. Hy tinkt dat benammen oan posten as musyk, sport, bibleteekwêzen en dat binne krekt dy saken dêr't de jeugd mei kofrontearre wurdt. Yn syn algemienens fynt hy dat dat altiten tefoaren kommen wurde moat. In folk dat net mear yn syn jonge minsken ynvestearret hat gjin takomst. It ûnderlizzende probleem fan'e maitiidsnota leit yn it tekoart binnen de eigen organisaasje. Der hat gjin goede beslútfoarming west, de rie waard foarsjoen fan ferkearde ynformaasje en dêrtroch runen we achter de feiten oan. Der moat in oplossing komme, net allinne in finansjele. Ut de fitsenarisoperaasje docht bliken dat de wize dêr't no op wurke wurdt gjin fertuten docht. Der moat in bettere organisaasje komme. We komme der net mei troch dat seis binnen de organisaasje te besjen. Hy giet derfoar yn'e pleit foardat de maitiidsnota behannele wurdt nei te gean oft de sifers dêr't deryn fan útgien wurdt wol de krekte sifers binne. Hy tinkt dat der twifels besteane oer de krektens fan'e sifers as hy alle stikken der goed op nei lést. Dat bringt him ek oan it twifeljen. Der om stelt hy út de sifers út'e maitiids nota neigean te litten troch in verifikaasjeburo. Wolle wy ús organisaasje goed opbouwe en wolle wy as rie de goede ynformaasje krije dan sil der in organisaasjeburo fan buten ynskeakele wurde moatte. Dan krije wy de oplossingen dêr't wy nei útsjogge. Fan dizze maitiidsnota ferwachtet hy dy oplossing net en dêrom is hy op foarhên al tsjin alle ûnderdielen fan'e maitiidsnota. 0037V 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 10