-11- De voorzitter wijst er nog op dat op pagina 6 vermeld staat dat 10.000,voor studiekostenvergoedingen is opgevoerd. Er stond al 31.000,in de begroting 1988. Het totale budget komt daarmee op 41.000, Nu al is dat hele budget op voor 1988 en daarmee is er voor de rest van het jaar geen ruimte meeer voor scholing en/of bijscholing. Omdat dat, gelet op de reorganisatie geen goede zaak is, zal het college de raad in zijn volgende vergadering voorstellen die post te verhogen. De voorzitter schorst om 21.20 uur de vergadering voor een korte pauze. Om 21.30 uur heropent hij de vergadering en stelt aan de orde Hoofdstuk 3: Structurele maatregelen om de meerjarenbegroting sluitend te maken. Punt 19; Muziekonderwijs. Frou A. Ziilstra seit dat it dúdlik wêze sil dat dit gjin maklik punt is. In part fan har fraksje hat grutte muoite mei it útstel. Wat hawwe wy nog eins oan musykûnderwiis en wat dogge we der mei. Nei de weryndieling kaam ús gemeente by de regio Skoterwerven en dêrtroch ek by de musykskoalle op It Hearren- fean. Sa'n twa ton wurde dêroan bestege. Mei de nije regio-yndieling giet ús gemeente nei Noard. No is wer de fraach: wat dogge wy mei it musykûnderwiis. De post is troch de jierren hinne al ferlege oant 140.000, Jouwe we seis it musykûnderwiis of moatte de learlingen earne oars hinne, of sa as it mearderheidsútstel oanjout: nearne hinne? Sy is fan betinken dat der oan kulturele saken yn Boarnsterhim net folie jild útjûn wurdt. Troch it oannimmen fan it mearder- heidsútstel bliuwt der noch minder oer en dat is in ferearming fan'e maatskippij, foar minsken dy't sawol aktyf as passyf genietsje fan musyk. A.M.V. nei de skoallen ta is in goed útgongspunt. Elts bern kin dan efkes oan musyk rûke en de basis is lein. Mar dan, litte we harren dan sitte of jouwe we harren de kâns harsels fierder te ûntjaan. Mei it mearderheidsútstel is der gjin kans ta, en dat is gjin goede saak. Doe't dúdlik waard dat wy net by Skoterwerven bliuwe soene is in groep minsken frege harren ide op papier te setten. Dat hawwe se dien. Se hawwen foar de rest fan it jild, 140.000,in plan makke Oer de ynhâld en de útwurking dêrfan is net iens praat yn grutter ferbân, it hat net yn'e ynspraak west. Sy is fan betinken dat dit plan better fertsjinnet en docht dêrom it útstel om it musykûnderwiis yn syn gehiel by de begrutting foar 1989 te behanneljen omt it dan ek pas oan'e oarder is. Yntusken kin it plan yn besprek jûn wurde, sadat ek dy mooglik- heid ynhaldlik besprutsen is. Punt 32; Opschorting invoering Friese dorpsnamen. De hear Renia seit dat syn fraksje nochal wat swierrichheden mei en fragen by dit punt hat. 0037V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 15