-14- Wethâlder Bloem begjint mei te sizzen dat musyk in wichtich part fan ús bestean is. In soad siswizen binne der dy't wat mei musyk te krijen hawwe en dy't wat sizze oer wat musyk yn ús libben betsjut. As minsken byelkoar komme hawwe se der ferlet fan harren út te drukken yn wurd, gebaar en musyk. Musyk nimt in wichtich plak yns musyk meitsje, nei musyk harkje, it kin minsken opfleurje as ta rest bringe. Yn grutter ferbên kin men stelle dat musyk as diel fan'e kultuer no en yn'e takomst net wei te tinken is. Yn har oerwaging oangeande it musykûnderwiis hawwe dizze saken in wichtige rol spile en derby jildt foar har dat in mienskip ek it musikale yn minsken oanboarje moat. Mar hokker taak hat de gemeente deryn. Foar har is fan grut belang dat de gemeente it de minsken mooglik makket om yn in groep mei musyk dwaande te wezen. Der, yn in groep komt musyk mear te syn rjocht. Wy moatte ús lykwols rjochtsje op reële saken. Dêrom yn ús gemeente gjin djoere konsertseal. Sy wol besykje sa folie mooglik oan te sluten by wat de minsken hjir beweegt. Sy hat dêrom ek grutte wurdearring foar it krewearjen fan'e ynisjatyfgroep. Sa kaam sy tot har útstel om it bedrach, fêststeld nei de fitsenaris-operaasje, oerein te hélden. Dit fansels wol mei de bedoeling de plannen mei alle oanbelangjenden nochris goed troch te praten. Sy docht har minderheidsútstel fanút de gedachte dat it foech fan'e gemeente fierder giet as allinne A.M.V. op'e skoalle. A.M.V. op'e skoalle, yn hokker foarm dan ek, is har te meager. Foar har heart der ek by minsken yn'e kunde bringe mei ynstruminten en harren mooglikheden. It minderheidsstênpunt koe alline ta stén komme kombinearre mei in dekkingsferhaal. It hat har knap wat muoite koste in ton earne wei te heljen. Yn dit dekkingsútstel sitte posten dêr't hja grutte muoite mei hat. Der leit no it útstel fan'e P.v.d.A. stipe troch it C.D.A. om wol mei te gean mei de mearderheid fan it kolleezje mar no noch gjin útfiering te jaan oan it beslút. Ynsté dêrfan by de fêststelling fan'e begrutting 1989 de romte te nimmen om better ynsjoch te krijen yn'e mooglikheden fan it plan fan'e ynisjatyfgroep. Se is net gelokkich mei dit útstel omt it no gjin dúdlikheid jout oer hoe't der mei oan'e slach gien wurde moat. Oan'e oare kant kin se har yntinke dat guon riedsleden mear dúdlikheid nedich hawwe en diskussiearje wolle oer de ynhâld fan it plan ear't hja in beslút nimme wolle mei de dekking sa as dy troch har oanjûn is. Sy is wol bliid dat de V.V.D. no al sizze kin dat hja akkoart gean kinne mei it minderheidsútstel. Sy moat sizze, dat sy, hoewol mei pine yn it hert wol meigean wol mei it útstel fan P.v.d.A. en C.D.A. en se lukt dêrom har minderheidsútstel yn mar sil dêr op in letter tiidstip hiel dúdlik op werom komme. 0037V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 18